Noardeast-Fryslân wol krêftdiedich en tagonklik boargemaster

maaie 30, 2019 07:18

De profylskets foar de nije boargemaster fan de gemeente Noardeast-Fryslân is klear en wurdt 5 juny troch de gemeenteried fêststeld. Ynwenners fan de gemeente koene fia in enkête op it ynternet meitinke oer eigenskippen dy’t neffens harren foar de nije boargemaster belangryk binne. De fertrouwenskommisje naam dy resultaten yn de profylskets oer.

Tagonklik en krêftdiedich
Neffens 78 fan de minsken dy’t de enkête ynfollen moat de nije boargemaster tagonklik en krêftdiedich wêze. Dat is dan ek yn de profylskets opnommen yn sinnen as: ‘De boargemaster is, as hy of sy nedich is, sichtber en tagonklik…’ en ‘Yn foarkommende gefallen wurdt in krêftige oanpak frege.’ Der wurde ek ymplisite foarbylden neamd  lykas ‘minsken meinimme’, ‘in treflik netwurker’, ‘it hantearjen fan de regels’, ‘it stypjen sûnder dat der om frege wurde moat’ en ‘it minsken yn harren krêft sette’.

Wêr moat de boargemaster de measte tiid oan besteegje?
In goede helte fan de respondinten is fan betinken dat de boargemaster har of syn tiid benammen besteegje moat oan gearwurkjen em kontakt lizzen mei ynwenners, feilichheid en leefberheid en it op ’e kaart setten fan Noardeast-Fryslân. Sokke aktiviteiten hawwe in foaroansteand plak yn de profylskets krige.

Proseduere
De gemeenteried stelt de profylskets op 5 juny fêst. Heal juny stiet de fakatuere iepen en kinne gadingmakkers reagearje. Ferwachte wurdt dat de nije boargemaster yn jannewaris 2020 beëdige wurde kin.

maaie 30, 2019 07:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.