NIX18: dat dogge wy mei-inoar!

maaie 20, 2019 12:23

Fan 23 maaie oant 3 juny wurdt de lanlike aksje NIXzonderID holden. De bedoeling is dat jongelju dan spontaan harren ID-kaart sjen litte by it keapjen fan alkohol en tabak en dat de ferkeapers dêrfan de âldens fan de jongelju kontrolearje. Jonge keapers fan drank of sigaretten hawwe de ID-kaart net altyd by har. De Fryske gemeenten en it platfoarm Nochtere Fries dogge oan de aksje mei.

Yn supermerken, sliterijen, (sport)kantines, hoareka, tankstasjons en tabakssaken is it foar de ferkeapers net maklik om fan jonge keapers te skatten hoe âld oft se binne. Dêrom wurde jongelju oproppen om de ID-kaart út eigen beweging sjen te litten by it keapjen fan alkohol en tabak.

Sûnt 1 jannewaris 2014 is it ferbean om alkohol te ferkeapjen oan jongelju ûnder de achttjin en dy binne strafber as se alkohol yn iepenbiere romten by har hawwe, bygelyks yn in kafee, sportkantine, park en op ’e dyk. Dat is omdat alkohol skealik foar de sûnens is, kanker meibringe kin en de ûntwikkeling fan de harsens fan jongelju ûnder de 24 bot fersteure kin. It neilibjen fan NIX 18 is dan ek in saak dy’t in protte minsken oangiet.

Hoewol’t jongelju meihelpe kinne troch spontaan de ID-kaart sjen te litten, is der foar de ferkeapers ek noch in soad te ferbetterjen. Konsekwint om de ID-kaart freegje is nedich om it ferkeapjen oan minderjierrigen oan bannen te lizzen. Al is dat net altyd maklik, it moat wol want it is yn it belang fan elkenien.

NIX18: dat dogge wy mei-inoar! It platfoarm ‘Nuchtere Fries’ makke foar de lanlike kampanje in eigen poster. De kin fan it webstee Nuchtere Fries (materialen) helle wurde om him op te hingjen yn bygelyks supermerken en sportkantines.

Wa’t der mear oer witte wol kin sjen op www.naar18jaar.nl of op platform.nuchterefries.nl.

 

maaie 20, 2019 12:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.