Nijsgjirrige konserten Keamerkoar ‘Het Cantoor’

maaie 3, 2019 07:47

Keamerkoar Het Cantoor hat yn de fiif jier fan syn bestean altyd bûtengewoane konserten jûn. Ferrassend en oant yn de puntsjes fersoarge. Fan it begjin ôf bestiet it koar út 24 bedreaune sjongers ûnder de besieljende lieding fan Tjalling Wijnstra. Yn maaie jout it koar twa konserten. Yn Ljouwert en yn Drachten yn de Fermanje.

It programma bestiet út wrâldske muzyk út de 19e en 20e iuw fan komponisten as Elgar, Lauridsen (it prachtige O Nata Lux), Mäntyjärvi en Sviridov. It koar sjongt ek yn lytsere difyzjes. De froulju sjonge it heksekoar út Verdi’s Macbeth en de manlju The Goslings fan Sir John Frederick Bridge yn in arranzjemint fan Tjalling Wijnstra. Yn in pear yntermezzo’s litte in pear koarleden harren yn noch lytser ferbân hearre.

foto © Gerard Jansen

It konsert yn Ljouwert is op 11 maaie yn de Doarpstsjerke fan Huzum. Dat begjint om 20.00 oere. It konsert yn Drachten is op 12 maaie yn de Fermanje. Dat begjint om 15.00 oere.

Kaarten kostje € 12,50 (foar bern oant 15 jier € 5,00) en kinne reservearre wurde op www.hetcantoor.nl

maaie 3, 2019 07:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.