Nije oprop: 26 juny foar it Frysk nei De Haach

maaie 30, 2019 09:42

It hat in skoftke stil west mar no is der wer aksje yn oantocht.

Nei it teloarstellende berjocht dat it Algemien Oerlis fan de Fêste Keamerkommisje mei de minister oer de stân fan saken oangeande it Frysk ferskood is fan 24 april nei woansdei 26 juny, is it no safier dat der wer in programma klear leit. De Ried fan de Fryske Beweging, de FFU en Boargeraksjegroep Sis Tsiis hoopje de 26ste juny mei in busfol striders nei De Haach te gean om de lanlike politisy dêr dúdlik te meitsjen dat it Ryk better syn ferplichtings oangeande it Frysk neikomme moat.

Hjirûnder sjogge jim it programma foar dy dei. Dêrby stiet ek it oanbieden fan in petysje. Dy ‘petysje’ is it ûntwerp fan in Frysk plysje-unifoarm. Mei tank oan Harry van der Molen ha we dêr tastimming foar krigen, want gewoanwei kin dat allinne op in tiisdei.

Fierder hawwe wy kontakt hân mei Ruben Severina fan Splika, de klup dy’t foar it Antilliaansk op skoalle opkomt. Dy wolle ús stypje. It doel fan beide groepen is om it rjocht fan bern, om harren memmetaal goed op skoalle te learen, te realisearjen.

 

It skema yn De Haach sjocht der no likernôch sa út:

9.00 oere:                  Oankomst op it Binnenhof. Mei muzyk. Yn de kunde komme mei ús Antilliaanske sympatisanten en de Keamerleden.

10.00 oere:                It gebou yn foar de kontrôle troch befeiligers, opbergjen fan ús demonstraasje-ark.

10.30-10.45:              Oanbieden ‘petysje’ yn de hal fan it Twadde Keamergebou (8 persoanen).

11.00-12.30:              Bywenjen fan it Algemien Oerlis oer de fragen fan Harry van der Molen.

13.00 oere:                Ite, … yn optocht nei ministearje fan ûnderwiis???

De bus rydt fergees.

 

Busferfierder Dalstra jout foarearst de folgjende tiden oan:

05.10 oere                 Surhústerfean, by it stek fan Dalstra Reizen – Molenweg

05.25/30 oere            Drachten, Transfearium East – Zonnedauw 2

06.00 oere                 De Jouwer, Mc. Donalds

06.15/20 oere            De Lemmer, Mc. Donalds

07.30 oere                 Parkearterrein de Hackelaar – Rijksweg 1, Muiden

Omtrint 8.45 oere yn De Haach.

 

De groep kin útstappe op de Prinsessegracht yn De Haach, dêr’t bussen stilhâlde meie. Dêrwei is it in 650 meter nei it Binnenhôf. Om15.00 oere wer fia de opstapplakken werom nei Surhústerfean.

Dejingen dy’t har de foarige kear opjûn hawwe, hawwe al berjocht hân mei it fersyk har op ‘e nij op te jaan of ôf te melden. Mar der binne grif guon dy’t doe net koene of twivelen, mar no tinke: dêr wol ik by wêze, dêr doch ik oan mei!

Wa’t mei wol graach sa gau mooglik opjaan, yn alle gefallen foar 19 juny by sistsiis@hotmail.com, mei namme, wenplak, telefoannûmer en opstapplak.

Foar fragen kinne jim maile nei sistsiis@hotmail.com of belje nei 06-13963855 (Piter Dykstra)

Tink derom: de kontrôle yn de Twadde Keamer is strang. Identiteitsbewiis meinimme.

Sis Tsiis

maaie 30, 2019 09:42
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Piter Dykstra juny 10, 13:02

    Der binne noch wat plakken yn de bus frij.
    Dêrom: gau opjaan!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.