Nij ûntdutsen hagedis nei alle gedachten al wer útstoarn

maaie 28, 2019 11:59

Yn it gerslân yn it súdeasten fan Australië libbet in tige lytse hagedis mei de namme Tympanocryptis pinguicolla. De geslachtsnamme ferwiist nei it feit dat syn earen mei skobben bedutsen binne en dus ferburgen bliuwe.

Foto: Wikipedia/MReptileZ – publyk domein

It bistke dat amper seis gram weacht, is tige dreech te finen, omdat er sa goed kamûflearre is. Sa dreech dat de hagedis sa’n tritich jier lang net fûn waard foar’t ekologen fan de Universiteit fan Canberra de soart yn 1991 opnij ûntdutsen.

Wat troch wittenskippers altyd beskôge wie as ien, inkelde hagedissesoart yn it súdeasten fan Australië, blykt no lykwols út ferskate aparte soarten te bestean. Ut in nije analyze fan de anatomy en it DNA fan grûnagamen op ferskate plakken yn de regio, docht bliken dat isolearre populaasjes yn werklikheid ferskillende soarten binne. “Se lykje allegear bot opinoar”, seit taksonome Jane Melville fan it Museum Victoria, haadauteur fan in stúdzje dy’t resint publisearre waard yn it tydskrift Royal Society Open Science. “Mar der binne wol dúdlike ferskillen tusken it type skobben op de rêch en tusken de harsenpannefoarmen.”

It nije ûndersyk giet út fan fjouwer soarten Australyske gerslânagamen. Ien dêrfan, de Victoria-gerslânagame, is al sûnt 1969 net mear oantroffen. “Dy is nei alle gedachten útstoarn”, seit ekolooch Will Osborne. As dat sa is, is it de earste reptilesoart dy’t yn de moderne tiid op it fêstelân fan Australië ferdwûn is. Dochs is it neffens Osborne noch te betiid om op te hâlden mei sykjen. “Noch net alle potinsjele habitats binne ûndersocht, dus dat is it earste dat wy dwaan moatte, foar’t der noch mear gerslân ferdwynt.” De stikjes gerslân dy’t noch oer binne, soene neffens him beskerme wurde moatte om net brûkt te wurden as boulân, greide of foar projektûntwikkelingen.

Boarne: Royal Society Open Science

maaie 28, 2019 11:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.