Nij distriktskantoar It Fryske Gea yn Rysterbosk

maaie 11, 2019 07:10

Oant no brûkte It Fryske Gea in earder boerepleatske as distriktskantoar, mar it wie net mear by de tiid. Foar in nij kantoar hie de feriening wol in tal betingsten. It soe de garismatyske útstrieling hawwe moatte sa’t dy by de Rysterbosk heart. Dat is slagge.

Mei âlde dakpannen, hout út de eigen bosk en sinnepanielen foldocht it nije kantoor oan de easken dy’t dêroan steld waarden: enerzjyneutraal en duorsum. It koe realisearre wurde troch de stipe fan Nasjonale postkoadelotterij.

Sneontemoarn 18 maaie wurdt it offisjeel iepene en de middeis fan ienen oant healwei fjouweren is der iepen hûs foar elkenien dy’t it mar sjen wol.

maaie 11, 2019 07:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.