Nederlands Letterenfonds besteget suver gjin sint oan Fryske literatuer

maaie 6, 2019 11:42

Ut de berjochten op www.letterenfonds.nl is op te meitsjen wat it Nederlands Letterenfonds docht om de literatuer yn Nederlân foarút te helpen. Dichter, skriuwer, sjoernalist en fotograaf Abe de Vries rekkene út wat dat fûns yn 2018 (ja, it jier fan….) bydroech oan de Fryske literatuer.

Hy telde alle bedraggen dy’t it fûns útkearde foar ynsidintele literêre manifestaasjes, projektsubsydzjes, oersettingen, wurkbydragen teaterteksten, regeling digitale literatuer, literêr grinsferkear, biografyregeling byinoar op. Hy kaam op in bedrach fan 4.866.923 euro, dus hast fiif miljoen euro.

De Vries frege him ôf hoefolle oft dêrfan yn it jier fan LF2018 bestege wêze soe foar it realisearjen fan Frysktalige projekten.  Soe dat yn sa’n belangryk jier 20 persint wêze meie? Of 10 persint? Dat foel blinders ôf. Foar Fryske projekten is likernôch 60.000 euro útkeard. Dat komt del op 1,23 persint.

Boarne: seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2019/05/nederlands-letterenfonds-besteget-suver.html

maaie 6, 2019 11:42
Skriuw in reaksje

6 opmerkingen

  1. Cornelis van der Wal maaie 6, 13:59

    It stik fan Abe de Vries slacht nearne op. It jierferslach fan it Letterenfonds oer 2018 is noch net publisearre. Dêr komme de takenningen yn te stean, ek dy foar de Fryske auteurs.

    Ik haw de sifers byhâlden op myn blog: http://www.wegmetderandstad.nl/wordpress/?p=9680

  2. Cornelis van der Wal maaie 6, 18:43

    Elmar Kuiper voor een Friestalige dichtbundel, Hispel, € 26.000
    Elske Schotanus voor een Friestalige roman, Afûk, € 10.400
    Syds Wiersma* voor een Friestalige dichtbundel, Hispel, € 10.400
    Hanneke de Jong voor een Friestalig kinderboek, Bornmeer, € 15.600
    Totaal
    € 61.000

    Kloppet dus wol sawat Abe!

    Dat it dit jier wat meager wie leit allinnich mar oan it feit dat der minder oanfragen wiene. Leit net oan it Fûns, mar oan de skriuwers…

  3. Abe maaie 6, 21:10

    Der stiet nearne dat it oan it Fûns leit, bêste Cornelis. Do blêrst mar wat. Mar goed, dat binne wy wend. It punt is: der moat folle mear jild kinne nei de Fryske literatuer. Dêr is earst bewustwurding foar noadich (myn stikje), dêrnei oerlis en dêrnei inisjatyf. Tankewol, graach dien.

  4. Abe maaie 6, 21:12

    Boppedat is it ek net sa dat dizze sifers belangryk ôfwike fan de lêste jierren. It giet hjir om in strukturele misstân. Mar dat meisto no ris foar de feroaring útrekkenje.

  5. Cornelis van der Wal maaie 6, 21:27

    De kop ‘Nederlands Letterenfonds besteget suver gjin sint oan Fryske literatuer’ kin ik net oars útlizze as beskuldigjend fan toan. En no mar wer oan it wurk!

  6. Abe maaie 6, 21:42

    Ja, mar do kinst behalve net skriuwe ek net lêze, Cornelis. Dêr sil it oan lizze. Súkses mei it opmeitsjen fan dyn Letterenfonds-subsydzje.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.