NBE presintearret programma’s seizoen 2019-2020

maaie 18, 2019 09:17

Der stiet wer in nagelnij NBE-seizoen mei ûnhjittende foarstellings foar de doar: it Nederlânsk Blazers Ensemble sil, útsein yn Amsterdam, krekt as foargeande seizoenen, geregeld optrede yn ûnder oare Tilburch, Arnhim, De Haach, Utert, Haarlim en Wageningen.

Foto: pixabay.com

De NBE-programma’s foar seizoen 2019-2020 yn it koart:

Rameau en de Griken | It NBE lit de barokmuzyk fan Jean Philippe Remeau in spannende ferbining oangean mei tradisjonele, Kretenzyske muzyk, dy’t noch alle dagen spile wurdt troch jong en âld. Mei gastartysten Giorgis Xilouris-Laouto (Kretenzyske luit) en syn soannen Nikos Xilouris-Lyra en Adonis Xilouris-Laouto.

The Unknown Chaplin | Yn gearwurking mei filmmuseum Eye makket it NBE muzyk op ûnbekende en net earder toande stomme films fan Charlie Chaplin út syn begjinperioade: seis koarte hilaryske, kolderike en mankelike films sille yn dizze spektakulêre foarstelling toand wurde. Oene van Geel, Micha Hamel, Reza Namavar en Julian Schneemann binne de komponisten fan de muzyk by dy films. Dêrneist spilet it NBE ‘Mishima, a Life in Four Chapters’ fan Philip Glass.

9e Beethoven | Yn 2020, midden yn it Beethovenjier kiest it NBE foar de njoggende symfoany fan dy komponist. In spesjaal NBE-koar, gearstald út sjongers fan ferskate kultueren en wynstreken sjongt ‘Ode to the Joy’, it meast universele boadskip oer kohesy tusken minsken.

Nijjierskonsert | Fanwege de grutte belangstelling spylje de blazers op 1 jannewaris foar de fjirde kear op rige net ien mar twa Nijjierskonserten, om 14.00 en om 17.00 oere yn Het Concertgebouw.

Vier Letzte Lieder | Yn 1948, doe’t Richard Strauss 84 jier wie, skreau er syn populêrste komposysje, de ‘Vier Letzte Lieder’, letterlik syn lêste lieten, syn swannesang. De lieten strielje in sfear fan ôfskie en berêsting út. It NBE makket dêrfan en fan Strauss’ ‘Metamorphosen’ nije, spraakmeitsjende arranzjeminten. Bart Schneemann ljochtet syn passy foar dy muzyk op it poadium ta.

“Wy spylje dit seizoen miskien wol de moaiste muzyk dy’t der bestiet, mar it NBE soe it NBE net wêze as dat it wichtichste wie. De fjouwer haadprogramma’s fan dit seizoen fertelle elk in eigen ferhaal. Ferhalen oer de leafde fansels, oer genialiteit, hoop en treast. Wy nimme it publyk mei nei it dierbere Kreta. Wy sille it oerdonderje mei Beethoven. Wy litte it yn ’e kunde komme mei de geniale ûnbekende Charlie Chaplin. Oan ’e ein fan it seizoen is in berêstende en mankelike Strauss te hearren,” seit Bart Schneemann, artistyk lieder en hoboïst fan it NBE.

maaie 18, 2019 09:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.