Meld- en advyspunt oangeande betize minsken

maaie 25, 2019 11:03

Yn wenners fan Fryslân kinne harren noed oer minsken dy’t slim yn ’e war binne sûnt koart witte litte by in meld- en advyspunt dat dêr spesjaal foar ynrjochte is en dat alle dagen fan ’e wike dei en nacht berikber is. It is bedoeld foar situaasjes dy’t omtinken fertsjinje, mar dy’t net fuort en daliks oplost hoege te wurden.

It tal meldingen oer minsken dy’t har frjemd hâlde en drage nimt de lêste jierren ta. Sokke meldingen wurde faak by de plysje dien, mar as it net om strafbere feiten of gefaar foar de feilichheid giet, is dy net de oanwiisde ynstânsje. Der is dan faak ferlet fan soarch. Dêrom dat der no in spesjaal meld- en advyspunt foar is.

As minsken frjemd en apart dogge kin it wêze dat se in psychyske oandwaning hawwe, ûnder ynfloed binne of lêst krije fan demintens.  It kin ek wêze dat se oare swierrichheden hawwe lykas skulden, it wurk kwyt of te min sosjale kontakten. In slimme emosjonele ûnderfining kinne se ek fan ’e war reitsje.

Meldingen kinne telefoanysk fia 0800-1771 of digitaal fia it formulier op www.ggdfryslan.nl/verwardgedrag dien wurde. De meiwurkers fan it meldpunt binne profesjoneel en mei ûnderfining. Dy witte wat se freegje en dwaan moatte. Soms geane se der sels op ôf om gau te helpen en stimme dat ôf mei ynstânsjes dy’t der al yn behelle binne. Se dogge alle war dat der sa gau mooglik wat oan dien wurdt om fiere eskalaasje foar te kommen. Op it neamde webstee is mear ynformaasje te finen.

 

maaie 25, 2019 11:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.