Mark Harbers stapt op as steatssekretaris

maaie 21, 2019 20:01

Mark Harbers, de steatssekretaris fan asylsikerij, hat dien nommen. Dat die er nei in debat yn ‘e Twadde Keamer. Harbers joech ta dat er de Keamer “foutief geïnformeerd” hie.

De Keamer stroffele oer in ferslach oer misdie yn Nederlân dat ûnder Harbers syn ferantwurdlikens ferskynd wie. Yn dat dokumint wie misdie troch asylsikers as apart skift oanjûn, allinnich doogden de sifers net. Slimme misdieden troch asylsikers, lykas moard, deaslach, mishanneling en berneknoeierij, wiene yn it skift ‘overig’ ûnderbrocht, sadat it krekt like as makken asylsikers harren net skuldich oan sokke misdieden.

“We moeten erop kunnen vertrouwen dat bestuurders eerlijk zijn, ook als de boodschap even niet zo prettig is”, sei Attje Kuiken fan de PvdA. CDA’ster Madeleine van Toorenburg wiisde derop dat it ministearje al earder ferkearde sifers oer misdie troch asylsikers buorkundich makke hie. Hja sei: “Waarom voelt men op dat departement toch de druk om het op deze manier te doen? Als het niet met opzet is gebeurd, waarom dan wel?”

De Telegraaf liet ferline wike útsykje hoe’t it siet mei misdriuwen dy’t troch asylsikers begien wiene. De krante kaam derefter dat de plysje ferline jier 4600 kear ynskeakele is foar misdriuwen dêr’t asylsikers by behelle wiene. Yn de helte fan ‘e gefallen gie it om stellerij, yn 31 gefallen om moard of deaslach, yn 51 gefallen om slimme mishanneling en yn 79 gefallen om seksuele misdriuwen. Dy sifers ûntbrieken yn it ferslach fan it ministearje.

maaie 21, 2019 20:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.