Lytse talen op winkelbuordsjes

maaie 20, 2019 15:01

Nedersaksyske opskriften yn in Edeka-supermerk yn East-Fryslân (foto: minderhedesekretariaat)

Wa’t yn Fryslân yn in winkel komt, sjocht dêr amper Frysk. Der binne wol wat produkten mei Frysk op ’e ferpakking, mar de buordsjes yn winkels binne op in inkeld Ingelsk sale of pin only nei hast altiten yn it Nederlânsk.

Dat kin ek oars. It Dútske minderhedesekretariaat berjochtet bygelyks dat der yn East-Fryslân al sân supermerken binne dy’t it Nedersaksysk of Platdútsk as wichtichste taal yn ’e winkel brûke. De buordsjes yn ’e winkels binne twatalich: boppe-oan yn grutte letters it Nedersaksysk, dêrûnder yn lytsere letters it Heechdútsk.

It minderhedesekretariaat is in organisaasje dy’t opkomt foar de oarspronklike minderheden yn Dútslân: de Denen, de Sorben, de sigeunerfolken, de Nedersaksyskpraters en fansels de Friezen. Op it stuit reizgje de meiwurkers fan de organisaasje troch Dútslân om derefter te kommen wat de sprekkers sels dogge foar harren talen en kultueren.

Yn Frankryk waard sneon ek praat oer it belang fan ’e sichtberens fan minderheidstalen yn it deistich libben. Yn Parys praten saakkundigen op it mêd fan meartaligens en fan de Frânske minderheidstalen mei politisy yn in saneamd rûnetafelpetear. Gaid Evenou fan taalorganisaasje DGLFLF joech oan dat de lytse talen yn Frankryk troch in ûnderwiisherfoarming ûnder druk steane. Sa kin it Bretonsk, as de plannen trochgeane, skielk net mear as folweardich skoalfak keazen wurde. Frou Evenou wiisde der ek op dat minderheidstalen skoaltalen wurden binne, mei’t de Frânske befolking nei de oarloch it idee krige dat wa’t foarút woe yn it libben, it Frânsk as memmetaal prate moast. Dêrtroch binne talen lykas it Bretonsk en Baskysk yn Frankryk fierhinne út de iepenbiere romte ferdwûn. Sa kin in taal net oerlibje, sei de taalbeweechster.

Dat it Frysk as skriuwtaal yn Fryslân amper sichtber is yn Fryslân, is troch ferskate ûndersikers opskreaun. In grut ûndersyk fan Louise Edelman út 2010 die útwizing dat it Frysk sels yn Burgum hast net brûkt wurdt as skriuwtaal yn de iepenbiere romte en dat it sa bysûnder is as it wol brûkt wurdt, dat minsken der gauris oer prate.

maaie 20, 2019 15:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.