Lien in Fries

maaie 24, 2019 10:08

‘Lien in Fries’ is in inisjatyf fan de Fryske biblioteken om minsken byinoar te bringen. Yn lytsskalige moetingen kinne ferhalen en ûnderfiningen mei-inoar dield wurde. De iene kin wat kwyt, de oare docht wat op. Dat kin wêze yn lêzingen en workshops oant tot muzikale en sportaktiviteiten: op LeeneenFries.nl is te finen wat dat allegear ynhâlde kin.

Yn de biblioteek fan Dokkum binne sneon 1 juny alderhande Friezen te finen dy’t harren passy oerbringe wolle. Om 10.00 oere sil wethâlder Pytsje de Graaf fan Noardeast-Fryslân de dei iepenje. Oant healwei ienen is it frije ynrin. Dan binne dizze Friezen te lien:

  • Rudi Stuve: tekenje en skilderjen omdat it sa moai is
  • Sandra Visser: teatrale kuier yn de byb
  • Douwe Pals: ferhalen fan de Koninklijke Nederlandse Redding Maatschappij
  • Leen van Zelderen: tsiis meitsje en priuwe
  • Jansjet de Vries: wierbarde ferhalen út Fryslân
  • Adri de Boer en Giny Bastiaans: hoe’t in Fryske tekst in liet wurdt
  • Hinke Tinet van der Werf: ûntdek de typyske Fryske Bearenburch
  • Geke Bouma: rûnlieding troch Biblioteek Dokkum
  • Suzan Bosch: tiid meitsje foar nije dingen (mei papier en filtwurk)
  • Nynke Andringa: ferhalen oer It Bilt
  • Els van Elden: ûntdek dyn talint en lit dat fêstlizze
  • Natasja van Rijn: kreatyf mei Fryske taal

Om 12.30 oere wurdt it ôfsletten mei in hapke en in drankje en muzyk troch trûbadoer Adri de Boer en tekstskriuwer Giny Bastiaans.

maaie 24, 2019 10:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.