Lêste plakken foar jierlikse Prinsessedei

maaie 30, 2019 10:14

Snein 23 juny is it feest yn it Keramykmuseum Prinsessehôf. Bern fan 4 oant en mei 12 jier binne fan herten útnûge foar de jierlikse Prinsessedei, it feestje fan Prinsesse Marijke en har hôfhâlding. Klaaid yn harren moaiste kostúm wurdt op keninklike wize nifele, dûnse en snobbe.

Foto: Keramykmuseum Prinsessehôf

Dielname oan de Prinsessedei is fergees en sawol foar jonges as foar famkes, fan tefoaren oanmelde fia de webside is wol ferplichte. Krekt as foargeande edysjes is de Prinsessedei tige populêr, der is noch mar in beheind tal plakken beskikber.

It feest giet los yn de koepel fan de Prinsetún dêr’t de bern Prinsesse Marijke moetsje. Under har begelieding dûnsje en sjonge de lytse prinsen en prinsessen om dêrnei harren kostúm sjen te litten yn in echte moadesjoo. Lûk alles út de kast, want de moaist ferklaaide bern krije in bysûnder presintsje. Gjin keninklik outfit? Gjin noed, superhelden en oare selsmakke kostúms meitsje ek kâns. It gehiel wurdt feestlik begelaat troch Acta Teater en Muzyk.

Nei de priisútrikking yn de Prinsetún giet elkenien yn staasje nei it stedspaleis, dêr’t snobbe wurdt fan selsfersierde keekjes en dêr’t de bern meidogge oan ferskate kreative wurksjops. Boppedat kinne de prinsen en prinsessen har sminke litte. Der binne trije startmominten, om 12.30, 13.30 en 14.30 oere. Oanmelde foar ien fan de starttiden kin fia de webside fan it Prinsessehôf: www.princessehof.nl.

Keramykmuseum Prinsessehôf
Midden yn de histoaryske binnenstêd fan Ljouwert stiet it 18e-iuwske stedspaleis fan Maria Louise van Hessen-Kassel, prinsesse fan Oranje-Nassau, foarâlder fan Kening Willem-Alexander. De prinsesse wie yn de 18e iuw regintesse yn Ljouwert. Hja wie sa populêr by de Friezen dat se Marijke-Muoi neamd waard, muoike Marijke. Yn it stedspaleis is no Keramykmuseum Prinsessehôf fêstige.

maaie 30, 2019 10:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.