Lanlike yntocht Sinteklaas yn Apeldoarn

maaie 27, 2019 09:39

De lanlike yntocht fan Sinteklaas is dit jier yn de gemeente Apeldoarn. Op sneon 16 novimber sil boargemaster Petra van Wingerden-Boers de Goedhillichman en syn Piten ferwolkomje yn de stêd op de Feluwe. De NTR docht streekrjocht ferslach fan de yntocht.

Foto: pixabay.com

De boargemaster fan Apeldoarn, Petra van Wingerden-Boers, is optein. “Wy binne tige bliid dat Sinteklaas foar gesinsstêd Apeldoarn keazen hat. Wat in eare! It is fansels goed nijs foar alle bern yn de stêd, mar ek foar elkenien yn Nederlân dy’t der graach by wêze wol. Want Apeldoarn leit moai midden yn it lân. Dat ik tink dat wy op 16 novimber út alle wynstreken húshâldens op besite krije om mei-inoar Sinteklaas yn Nederlân te ferwolkomjen.”

De NTR docht fan 12.00 oere op NPO Zapp/NPO 3 ferslach fan de oankomst fan de Sint. Dieuwertje Blok fersoarget lykas wenst de presintaasje, stipe troch fêste ferslachjouwer Jeroen Kramer. Earder dy wike, op moandei 11 novimber, set it Sinteklaassjoernaal útein. Wat de Sint foar en nei de yntocht belibbet is fan dy dei ôf alle dagen om 18.00 op NPO Zapp/NPO 3 te sjen, oant en mei 5 desimber.

maaie 27, 2019 09:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.