‘Lân oer tsien jier skjinner, hechter en riker’

maaie 21, 2019 17:20

Panorama Nederland yn Fryslân op wei nei 2028

Oer tsien jier is Nederlân aardich opknapt; dat lit Panorama Nederland sjen. Ryksboumaster Floris Alkemade sil op 28 maaie de net-aldendeiske ynstallaasje symboalysk oerdrage oan kommissaris fan de Kening Arno Brok en dykgraaf Paul Erkelens yn de Kânselarij yn Ljouwert, dêr’t er de kommende tiid fergees te besjen is.

Om de eksposysje hinne is in al like bysûnder râneprogramma gearstald dat ek frij tagonklik is. Panorama Nederland ferbyldet hoe’t grutte maatskiplike fraachstikken de kommende desennia de kaai wêze kinne foar strukturele ferbetteringen. It Panorama bestiet út in fysyk panorama, dêr’t de besiker it each rjochtsje kin op in skjinner, hechter en riker lân.

It Kolleezje fan Ryksadviseurs, de betinkers fan it omreizgjende Panorama, sketst dus in optimistysk en oantreklik takomstbyld. In Nederlân dat foar elkenien werom te kennen bliuwt, mar dat op alderhande mêd fûneminteel oars wurket; lykas de wize fan reizgjen, produsearjen fan iten, it bouwen en de wIze fan it winnen fan enerzjy.

Panorama 2028
Ryksboumaster Floris Alkemade biedt Panorama Nederland tydlik oan, oan Kommissaris fan de Kening Arno Brok en dykgraaf Paul Erkelens as fertsjintwurdigers fan de provinsje. Oant 7 juny wurdt dêr in ferdjipjend programma by holden ûnder de titel Panorama 2028,  besteande út lêzingen, dialogen en sels in masterclass oer poep, mei it fiedsellânskip as tema. Hoe feroaret dat lânskip, dat 70 persint fan de Fryske kaart beslacht, de kommende tsien jier? En watfoar betsjutting jouwe we oan it lânskiap dat foar ús Friezen sa belangryk is? Panorama 2028 hat letter yn it jier tema’s as wetter/klimaat en brede wolfeart.

Panorama Nederland slút oan op LF2018-programma’s as Places of Hope, Sense of Place, Alvewegetocht en Kening fan ’e Greide, dy’t it publyk fanwegen it Kulturele Haadstêdjier neitinke lieten oer de takomst fan Nederlân. No wurdt dat oerset nei de maatskiplike fraachstikken fan Fryslân en it Nederlânske plattelân op wei nei 2028. Panorama 2028 komt ta stân yn gearwurking mei it programma fan Leeuwarden-Fryslân 2028 (erfskip Kulturele Haadstêd). Fan ’t simmer komt de LF2028-organisaasje mei syn fierdere kulturele plannen.

Een greep út it programma
– 29 maaie: Panorama fan de Reinwjirm mei ûndersiker Jeroen Onrust fan Kening fan ‘e Greide
– 4 juny: Tour de Poep troch Theun Vellinga fan Sirkulêr Fryslân
– 5 juny: prof. Pablo Tittonell en Willem Ferwerda oer ynternasjonale takomst fan it fiedsellânskip
– 6 juny: prof. Louise Vet (yn 2018 nû. 1 yn de Duorsume Top 100 fan deiblêd Trouw) en prof. Theunis Piersma

Folslein programma

http://lf2028.eu/nieuws/rijksbouwmeester-floris-alkemade-opent-panorama-nederland/

Sjoch ek Flyer Panorama Nederland mei it programma yn Fryslân.

maaie 21, 2019 17:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.