Koreaanske komkes fan porslein yn Prinsessehôf

maaie 25, 2019 15:34

Koreaansk porslein (foto: Keramykmuseum Princessehof)

Keramykmuseum Prinsessehôf yn Ljouwert hat twa ferfine komkes fan Koreaansk porslein fan om 1600 hinne yn brûklien fan de Ottema-Kingma Stichting. De stichting kocht it seldsume porslein op spesjaal fersyk fan it museum. Beide komkes binne fuortdaliks yn de fêste opstelling Van Oost naar West opnommen. Yn de eksposysje binne se in wichtige skeakel tusken Sina en Japan yn de ûntwikkeling fan porslein.

Yn Korea naam ûnder de Joseon-dynasty (1392-1897), yn neifolging fan Sina, de produksje en spesjalisaasje fan porslein tige ta. It wite porslein is in lúkse en waard earst op ferskillende plakken yn Korea noch yn lytse oplagen makke. Fan om ende by 1460 ôf waard it produsearre ûnder keizerlike kontôle yn spesjale ûnen, mei as gefolch dat de kwaliteit fan it porslein tige heech en ferfine is. Ienfâldige foarmen en dekoraasjes binne de skaaimerken. De beide komkes binne dêr in foarbyld fan.

Yn it begjin fan 17de iuw setten Koreaanske pottebakkers har nei wenjen en wurkjen yn Japan. Dêrtroch waard dêr ek al gau porslein op heech nivo makke. De porsleinûntwikkeling yn Korea is dêrmei in belangrike skeakel tusken Sina, dêr’t de widze fan it porslein stie, en Japan.

maaie 25, 2019 15:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.