Kollektewike fan it Prins Bernhard Kultuerfûns

maaie 20, 2019 10:12

Anjeraksje fan 19 oant en mei 25 maaie 2019.

It Prins Bernhard Kultuerfûns Fryslân organisearret fan 19 oant en mei 25 maaie de 74e Anjeraksje. Mei de jierlikse kollekte hellet it Kultuerfûns jild op foar kultuer en natuer yn de regio ûnder it biedwurd Hâld kultuer en natuer libben!

De helte fan de opbrinst fan de Anjeraksje is foar de klupkas foar de kollektearjende feriening. De oare helte is ornearre foar projekten op it mêd fan kultuer, natuer en wittenskip yn de regio. Mei tanksij de opbringst fan de Anjeraksje koe it Prins Bernhard Kultuerfûns Fryslân yn 2018 goed 150 projekten op it mêd fan kultuer en natuerbehâld stypje. Yn totaal gie it om in bedrach fan likernôch 370.000 euro. Dêrneist waard hast 100.000 euro bydroegen oan de oanskaf fan ynstruminten en klean foar muzykferienings.

Oer de Anjeraksje
It Prins Bernhard Kultuerfûns sammelet sûnt 1946 alle jierren aktyf jild yn mei de Anjeraksje. Yn dy wike gean sa’n 25.000 kollektanten op paad om jild op te heljen foar harren feriening én foar it Kultuerfûns. Yn 2019 docht it Kultuerfûns yn 25 gemeenten mei oan de pilot mei de nije kollektebus 2.0, dy’t neist kontante donaasjes ek (kontaktleaze) pindonaasjes akseptearret. Yn Fryslân wurdt mei dy bus yn de gemeente Smellingerlân kollektearre.

Oer it Prins Bernhard Kultuerfûns
It Prins Bernhard Kultuerfûns is besiele pleitbesoarger fan kultuer, natuer en wittenskip yn Nederlân en dêrbûten. Mei finansjele bydragen, opdrachten, prizen en beurzen wurde bysûndere inisjativen en talint stimulearre. As ynspirator fan hjoeddeisk mesenaat jout it Prins Bernhard Kultuerfûns partikulieren, stiftings en bedriuwen ûnôfhinklik en saakkundich advys oer filantropy. It Kultuerfûns Fryslân is ien fan de tolve provinsjale ôfdielings fan it Prins Bernhard Kultuerfûns.

maaie 20, 2019 10:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.