Koaren yn koar op earste Sako-sjongdei

maaie 10, 2019 12:59

Foto © KeunstwurkSneon 18 maaie is der op it Hearrenfean in leechdrompelich koarefestival, dat organisearre wurdt troch de Stichting SAKO Fryslân yn ’e mande mei Keunstwurk. It is de earste edysje fan de SAKO ZangDag. It festival jout in poadium oan in ferskaat fan koaren út Fryslân, fan pop en gospel oant operette en shanty.

It festival wurdt holden yn de Trinitastsjerke oan de Coehoorn van Scheltingawei 1 en begjint om 11.00 oere. Oant middeis fiif oere trede foar en nei tolve koaren op. It gehiel wurdt ôfsletten mei it NHL Stendenkoar, dêr’t sechstich meiwurkers en studinten en âld-studinten yn sjonge.

Njonken de optredens foar publyk kinne de koaren har dy dei ek muzikaal ûntwikkelje. Ellen Bakker en Sjoukje van der Land jouwe workshops foar de koarsjongers foar it fierder ûntwikkeljen en frij meitsjen fan harren stim.

Mear ynformaasje oer SAKO Fryslân stiet op www.sako.frl

maaie 10, 2019 12:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.