Jubileumútstalling Wâldseinder histoaryske feriening

maaie 2, 2019 07:10

De ‘Historische Kring Woudsend’ bestiet tsien jier. Yn ferbân dêrmei is der in eksposysje oer Wâldsein yn earder tiden. Op 36 panielen mei foto’s en taljochtingen oanfolle mei skilderijen en foarwerpen wurdt in byld jûn fan it Wâldsein fan de foarige iuw.

Oan ’e hân fan tema’s wurde beroppen en bedriuwen sjen litten dy’t der net mear binne. Dan giet it oer de fiskerij, de winkelman, de kleanmakker en de smid. Troch sokke bedriuwen en bedriuwkes koene de ynwenners foar hast alles yn it eigen doarp terjochte. Der wie sprake fan in selsredsume doarpsmienskip.

De foto’s, skilderijen en dingen komme út de samlingen fan de Wâldseinder histoaryke feriening, it Skipfeartmuseum yn Snits en Galery LYTS yn Wâldsein.

Yn dy galery is de útstalling te besjen fan 11 maaie oan en mei 23 juny, allinne sneons en sneins fan tolven oant fiven.
Adres Midstrjitte 63.
De tagong is frij.

maaie 2, 2019 07:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.