Jouster toanielútlien wurdt trochset yn Balk

maaie 21, 2019 09:04

Kleanútlien Balk iepenet 4 juny de doarren op it adres Eigen Haard 38 yn Balk. In klupke entûsjastelingen út Balk hoegde net lang nei te tinken doe’t se te hearren krigen dat de froulju op ’e Jouwer nei tritich jier ophâlde soene mei harren toanielútlien.

Kleanútlien Balk

Ophâlde is gjin opsje: trochsette! Foar de leafhawwers is it as se it ferhierbedriuw fan toaniel- en feestklean ynrinne, krekt as stappe se oer de drompel fan in snobbersguodwinkel. De fantasije slacht op ’e rin. It moaie fan it ferklaaiersspul is dat it net oan âldens bûn is. In beuker strielet as er in klownspak oanlûkt, syn mem docht dat as se yn in galajurk paradearret en pake stelt de sjoo as er as Napoleon op in feest ferskynt.

Kleanútlien Balk hat net de yntinsje om ryk te wurden, de prizen binne navenant. De rykdom komt út it plezier dy’t de minsken hawwe om dy klean te passen, te hieren en it feestje dat se dermei fiere. Om de hiele ferhuzing fan de ‘kleansoai’ fan De Jouwer nei Balk en de ynrjochting te realisearjen, wurdt der tankber gebrûk makke fan in klup frijwilligers. Wat te tinken fan it labeljen fan de tûzenen kleanstikken. Dêr wurdt gjin strykkwartet mar in flink orkest foar frege om alle klean te foarsjen fan in stryketiket.

Der is by Kleanútlien Balk ek in moaie bestimming fûn foar in grut part fan de kleanynsamling fan Johan Huisman. Syn prachtige kolleksje kin wer bewûndere en brûkt wurde.

It tiim fan Kleanútlien Balk gunt elkenien in feestje. Lit jo ferrasse troch de enoarme kolleksje klean, holledeksels en assessoires. It oanbod fariearret fan in âlderwetsk sjaket oant in koekjesmeunsterpak en fan breidsjapon oant mûntspij en alles dat dêrtusken sit.

Ien in idee foar in goed temafeest? Folgje Kledinguitleen Balk fia Facebook en Instagram.

maaie 21, 2019 09:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.