Jan Willem Zwart: Selfy

maaie 4, 2019 20:00

Kollum

Ik meitsje sels ek wolris in selfy

Wa docht it net, in selfy meitsje? In selfy tegearre mei in hiel spesjale freon, in bekende of ferneamde Nederlander of mei in omkrite dy’t spesjaal is. It selfyseizoen komt der wer oan. In selfy op de boat, foar de tinte, it museum, de fytsalvestêdetocht of by ien fan al dy eveneminten hjirre yn Fryslân.

Selfys meitsje is fan alle tiden. Portretten fan 1500 ôf hawwe meastentiids ek wat op de eftergrûn dat wat fertelt oer de setting, de omjouwing en status. De Mona Lisa fan Leonardo da Vinci bygelyks is in portret, mar der stiet fan alles op de eftergrûn. Der is folle mear te sjen as allinnich de frou. Miskien woe Leonardo da Vinci wol wat fertelle oer it lânskip út die tiid. Selfys meitsje hat ek wat ekshibisjonistysk. Jinsels op de foargrûn sette en dielgenoat meitsje fan wichtige minsken of saken. Jinsels der bewust of ûnbewust boppe pleatse, op de foargrûn sette en wichtiger meitsje as wat der op de eftergrûn stiet.

Sûnt de tûke telefoanen der binne, wurde der aloan mear selfys makke en hieltyd mear ek op sosjale media dield. Unbehouwen rinne de selfymakkers de fjilden yn, traapje alles stikken om mar harren selfy te meitsje te kinnen. Yn in museum binne de selfymakkers drokker mei harren apparaat as mei de eksposysje dwaande. De selfystokken fleane troch de romte. It is alles foar de foto, alles foar de measte likes op Facebook of Instagram. Troch de makkers fan de selfy wurdt faak fergetten dat de plakken dêr’t de foto’s makke wurde, kwetsbere plakken binne. De bollefjilden bygelyks. Bollekwekers hawwe hiel wat skea fan selfymakkers en natuergebieten ek. Selfymakkers besykje hiel ticht by in bysûndere briedfûgel of in seldsume blom te kommen. Alles wurdt fertrape en fernield om de makker derfan as in soarte fan ekshibisjonist op Instagram of Facebook sjen litte te kinnen om de likes. Der binne hiel wat minsken dy’t harren byldfoarming foar de bûtenwrâld sels sa meitsje. Der binne sels guont dy’t sa har eigen selsbyld meitsje foar harren freonen en famylje. It is mar krekt wat men de wrâld leauwe litte wol. De fraach bliuwt wa’t wysels binne en wêr’t wy ússels wêze kinne. Ussels sûnder eftergrûn, sûnder ôflieding fan gebouwen, minsken of wat dan ek.

maaie 4, 2019 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.