Jan Schokker: De Lokein

maaie 25, 2019 20:00

Kollum

De wetterfûgeltsjes fan Kwaliteitskontrôle hiene in probleem ûntdutsen. Twa jier lyn pleatste Vitens op guon adressen swierdere wettermeters, mar dy waarden ynboekt mei in ferkearde koade. No soe dat úteinlik net sa slim wêze moatte: dy wetterfûgels hawwe digitaal alles goed op oarder en tige wetterticht, gjin digidrip lekt der fuort. Nei de ûntdekking waard it probleem – dy ferkearde koade dus – oanpast troch in nul en in acht foar en in B efter it nûmer te setten en sa koene de fûgeltsjes yn alle gemak moai fierder fleane.

Dochs hie CEO Elly Ein fan de romrjochte ôfdieling Klanteservice it swit op it toetseboerd fan har HP-desktop. Want wat die bliken? It fêstrjocht foar wettermeter 08 34756 B wie neffens de foarskriften fan it regear eltse moanne wol seis euro mear as berekkene. Yn in jier is dat… No ja, Elly wie net dom, mar de holle hie net rjocht plak foar in telramt. Letter soe se dat op in rekkenmasine wolris útrekkenje. Mar hoe moast se dat no kommunikatyf oanpakke? Der soe in mailing de wettertoer út moatte nei de wetterklanten dy’t dat oangie, dat wie dúdlik, mar hoe bringt men sok sneu nijs? Elly begûn seis kear op ’e nij mei in tekst, mar bleau hieltyd healwei stykjen. Gjin wetterbrûker soe dat pikke. Miskien koe Vitens better alle klanten persoanlik geweken nimme, mar wat koste dat wol net?

Dy nacht dreamde Elly fan lilke klanten: “Mear betelje foar in meter!? Sa’n lyts meterke? It ûnnoazele apparaat is net iens in meter breed en dan seis euro mear betelje? Ik belje it konsuminteprogramma Kassa, as jimme dat mar witte!”

Elly wie net benaud, mar hie wol respekt foar de wetterhollen, sa’t sy har wetterklanten wolris neamde op in feest mei lakersgas’ en willewetter. Se wist, de klant wie kening en dy kening wie in narsist, in egoïstysk koartsichtige rjochtse of linkse neandertaler, dy’t alle kearen wer perfoarst syn rjocht helje soe, faak nei in ûnnoazel stomme aksje. In nutsbedriuw dat eins fan de minsken sels is, mocht yn ’e eagen fan klanten gjin flaters meitsje, en diene sy dat wol, dan soe sa’n bedriuw oer de brêge komme moatte mei fansels in fikse fergoeding.

De CEO Klanteservice slepte dy nacht mar min en moarns oan tafel by it skaaltsje yochert mei músly wist har man Jan-Kees fuortdaliks dat se it aardich dreech hie. Nei’t Elly mei it wetter foar de dokter west hie krige sy it advys fan Jan-Kees om it tûk te spyljen. “Moatst in lokeintsje brûke en sa de aksje by de klant dellizze”, brocht er nei foaren. “Ynspylje op de klant syn ynklauwichheid.”

Ik krige in mail fan Vitens. Se fregen harren dêr ôf oft de wettermeter dy’t by ús pleatst wie wol deselde wie as dy’t neffens de faktueren berekkene wie. It soe samar wêze kinne dat yn har bestân in oar model stie as yn werklikheid. Mocht der in oar type meter yn de kelder sitte en wie der te folle foar betelle, dan soene sy it ferskil fansels sa gau mooglik weromstoarte. Ik leaude earst net wat ik lies. Wie dit sa’n kriminele nepmail dy’t de lêste tiid geregeld foarbykaam? Mar nee, ik hoegde gjin link oan te klikken. Fia it finjet fan Vitens koe ik nei de site en siet ik yn de krekte URL. Dêr like neat mis mei. Dus te folle betelle? Ik moatst rap yn aksje komme, blikstiender! Se fregen om in foto te meitsjen fan de wettermeter, sadat sy de meterstân en it typenûmer lêze koene. Yn in wrâldrekôrtiid brûsde ik de kelder yn mei myn mobile tele-/fotoapparaat, klikte en flitste de meter in pear kear, kopiearre it nei myn mailadres, tikke der in skerpe tekst en in tankjewol by en liet de mail los, it grutte ynternet op. Ik wie suver grutsk op mysels. Dat hie ik mar efkes rap en effisjint ôfhannele, ek al leine der guon switterige wetterdrippen fan ynklauwichheid op it toetseboerd fan myn desktop.

De wetterfûgels fan Vitens seine ta dat se myn mail mei twa wike beäntwurdzje soene.

Binnen fjirtjin dagen hie ik in reaksje. Ik waard tige tanke foar de flotte meiwurking, mar nei wiidweidich ûndersyk hie bliken dien dat der by ús in gruttere meter pleatst wie as berekkene. It fêstrjocht wie krekt seis euro de moanne heger as earder berekkene. It goede nijs wie dat ik it te min berekkene bedrach oer dy twa jier út kûlantens net hoegde te beteljen. Te min betelle? Ik fielde my by de poat nommen, as siet ik yn in skaakspul en hie ik mei in masterset blynwei myn keninginne ferlern. Knap spile Vitens!

Elly Ein beseach letter it resultaat. Dat dit pineholledossier mei fjirtjin dagen al oan ’e kant wie, ferfolle har mei grutskens, mar dat dy wetterklanten sa ynklauwich wiene makke har suver wat tryst.

maaie 25, 2019 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.