Italiaanske TV RAI nei Fryslân

maaie 12, 2019 09:02

Op 10 en 11 maaie wie TV RAI 3 yn Fryslân foar it opnimmen fan byld en lûd foar it tv-programma Alle falde del Kilimangiaro. Dat reisprogramma wurdt sneins op in prominint tiidstip op de Italiaanske telefyzje útstjoerd en lûkt yn trochsneed mar leafst 1,5 miljoen sjoggers. Op de plenning stean ûnder oare in boatreiske mei de Lemsteraak, in besite oan it Woudagemaal en oan it Ofslútdyk Waadsintrum. Yn 2016 brocht it reisprogramma ek al in besite oan Fryslân.

Ofslútdyk Waadsintrum (foto: Merk Fryslân)

Gearwurking mei NBTC Holland Marketing
Merk Fryslân organisearret de parsereis foar TV RAI yn ’e mande mei NBTC Holland Marketing, dat foar de ferhaalline Nederlân Wetterlân geregeld sjoernalisten en sosjale beynfloeders út it bûtenlân útnûget. Resint noch besiten bekende húshâldens mei in protte folgens út Spanje en Italië Fryslân en Ljouwert foar deselde rige. Merk Fryslân is bliid mei it bliuwend omtinken foar Fryslân. “Parse is in wichtich ûnderdiel fan ús strategy, dêrmei berikke we miljoenen graach reizgjende minsken”, seit Martin Cnossen, direkteur Merk Fryslân. Oan de Nederlân Wetterline dogge ferskate provinsjes mei, in parsereis giet dêrom troch mear provinsjes.

Kânsen foar Fryslân
“De ferwachte toeristyske groei biedt kânsen foar Fryslân. Troch gear te wurkjen oan in mienskiplik tema, lykas Nederlân Wetterlân, kinne alderhande regio’s meiprofitearje fan de groei. Om ynternasjonale gasten te ferlieden om minder bekende plakken te besytsjen, is it wichtich dat foar dy bysûndere lokaasjes bekendheid kreëarre wurdt yn it bûtenlân. Promoasje yn de foarm fan bygelyks in parsereis is dêrby fan essinsjeel belang. De gearwurking is in goede stap nei de takomst en slút oan op Perspektyf 2030, de nije fyzje op de bestimming Nederlân”, lit Conrad van Tiggelen, direkteur strategy & merk NBTC Holland Marketing witte. Dêrmei ûntkrêftet Van Tiggelen de suggestje fan de Telegraaf yn in artikel as soe it NBTC ophâlde mei it promoatsjen fan Nederlân yn it bûtenlân.

maaie 12, 2019 09:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.