It echte libben yn de bistetún

maaie 13, 2019 09:54

Utstjoering: alle wiken, fan snein 16 juny o/m 21 july, om 21.20 oere op NPO 1.

Yn de seisdielige rige Het echte leven in de dierentuin spylje bisten de haadrol. Skaaimerk fan it programma is it unike perspektyf dêr’t út filme wurdt. It libben fan de bisten wurdt dei en nacht troch ferburgen kamera’s fêstlein om de bisten goed folgje te kinnen en om sjen te litten wat him ôfspilet yn de bistetún nei slutingstiid as men der as besiker net komme mei. It programma is opnaam yn Ouwehands Dierenpark yn Rhenen.

Foto: NTR

Pasjonearre fersoargers fertelle wat him efter de skermen ôfspilet: wurkje oan soartbehâld, natuerbeskerming en wittenskiplik ûndersyk. Fan in echo foar de drachtige orang-oetan Thintha oant in CT-scan om brune bear Dadon te ûndersykjen. Fan Charlie de ringsturtmaky dy’t alle war docht om in oar mantsje bûten te sluten, oant reuzepanda’s Xing Ya en Wu Wen dy’t miskien wol foar de earste kear byinoar komme om te pearjen. In bikkelhurde striid, mar ek hertferwaarmjende aventoeren, opbloeiende relaasjes en nij libben.

Yn ôflevering 1 fan Het echte leven in de dierentuin sjogge we hoe’t de striid losbarst as in nij mantsje by de groep ringsturtmakys yntrodusearre wurdt. Jonge skuttersfisken krije sjitles fan de âldsjes en reuzepanda’s Xing Ya en Wu Wen begjinne oan it aventoer dat hooplik liede sil ta pearjen en… in jonge panda.

Foto: NTR

Yn ôflevering 2 sjogge we it aventoer fan Afrikaanske oaljefant Tooth, dy’t syn earste stappen set as fokbolle. De swier traumatisearre brune bearen Keta en Maria leare stadichoan wat it betsjut om as bear ûnbesoarge yn de bearebosk te libjen en hoe rint it ôf mei de izige wapenstilstân tusken de ringsturtmakys?

Het echte leven in de dierentuin is in koproduksje fan de NTR en ICP. It programma wurdt mei mooglik makke troch stifting Bears in Mind.

maaie 13, 2019 09:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.