In soad soa’s yn Fryslân

maaie 29, 2019 07:00 Fernijd

GGD Fryslân hat de balâns oer 2018 opmakke fan syn Sense soa-sprekoeren. Yn totaal kamen 1.851 minsken op it sprekoere. Fan harren hie 24% in seksueel oer te dragen oandwaning (soa). Dat is heger as it lanlik persintaazje, dat om de 18% leit. It is wol leger as yn 2017, doe’t it 26% wie. Troch de bank hawwe jongelju faker in soa (26%) as sekswurkers (10%). Froulju lieten har faker as manlju hifkje.

De Sense soa-sprekoeren fan GGD Fryslân binne anonym, fergees en bedoeld foar ynwenners mei in ferhege risiko op in soa. Bygelyks de jongerein oant 25 jier, sekswurkers, migranten en manlju dy’t seks hawwe mei manlju. Yn de sprekoeren is net allinne omtinken foar it finen fan in soa en foar partnerwarskôiging mar ek foar tips oer feilich en noflik frijen, seksueel geweld en antykonsepsje. Dêrneist jouwe de GGD-meiwurkers foarljochting oan profesjonals. Ek wurkje se yn ’e mande mei de ûnderskate doelgroepen oan projekten om ûnderwerpen op it mêd fan seksuele sûnens mear ûnder de oandacht te bringen.

Hokker soa’s kamen yn 2018 it meast foar?
Yn de measte gefallen (68%) giet it om in glamidiaynfeksje. It tal dat dêrfan fûn is, is gelyk bleaun oan 2017. Dy ynfeksje wurdt no wol faker yn de anus en yn de kiel en oantroffen as foarhinne. By 15% fan de ynfeksjes dy’t fûn waarden gie it om gonorroe. Dat komt benammen foar by manlju dy’t seks ha mei manlju (2018: 72%, 2017: 87%). Yn 2018 lykje hetero’s faker in gonorroe-ynfeksje oprûn te hawwen as yn 2017.

Oare soa’s
Syfilis en hiv waarden allinne fûn by manlju dy’t seks mei manlju hawwe. Dat betsjut fansels net dat dy net by hetero’s of froulju foarkomme kinne. Op it soa-sprekoere wurdt nammentlik net in ôfspegeling fan de Fryske befolking sjoen. De measte minsken gean, as se warskôge binne of risiko rûn hawwe op in soa, nei de húsdokterspraktyk. Yn earste ynstânsje is dat it oanwiisde plak foar in petear en ûndersyk.

maaie 29, 2019 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.