Iepen dei Nasjonaal Park de Alde Feanen

maaie 22, 2019 12:55

Foto It Fryske Gea’

Snein 26 maaie hâlde It Fryske Gea en Nasjonaal Park de Alde Feanen in iepen dei yn Earnewâld. Tusken tolven en fjouweren is der fan alles te rêden.

Besikerssintrum De Wiidpleats is dé tagongspoarte nei in geweldich natuergebiet. Besikers ûntdekke al dat moais op de iepen dei as se mei ien fan de iepen preammen of de stille ekskurzjeboat De Blaustirns geane, mar net inkeld dêrfoar kinne se dêr terjochte, ek foar berne-aktiviteiten, fyts- en kuierrûten. En om de ymker en syn bijen te sjen.
Der binne ek ynteraktive eksposysjes oer it gebiet en oer de Lancaster R5682, dy’t tige de muoite wurdich binne.

De farekskurzjes begjinne fan 12.00 oere ôf elk healoere, de berne-ekskurzjes om 13.30 en 15.30 oere en de survivalbaan om 12.30, 13.15, 14.00, 14.45 en 15.30 oere. Foar dy aktiviteiten wurdt mei in kaartsjesysteem wurke. It is saak om op ’e tiid oan te kommen om de kaartsjes yn it besikerssintrum op te heljen.

Foar de farekskurzje en it kearse meitsjen wurdt in lytse fergoeding rekkene, it oare is fergees.
It besikerssintrum Nasjonaal Park de Alde Feanen is oan de Koaidyk 8a by Earnewâld.
Mear ynformaasje kin fûn wurde op www.itfryskegea.nl/opendag2019

maaie 22, 2019 12:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.