Iepen dei haadpriis lotterij: fakânsjehûs yn Drinte

maaie 30, 2019 10:03

Op sneon 1 en snein 2 juny wurdt in iepen dei holden troch Verloterij.nl. It publyk mei komme te sjen by de fakânsjefilla dy’t troch de Grinzer (akro-)gymklup Acro Academy yn in spektakulêre aksje ferlotte wurdt.

Foto: Acro Academy

De fakânsjefilla op it Drintske park Hunzedrôme yn Gasselternijveen is de haadpriis fan de lotterij dy’t troch de gymklup holden wurdt om syn grutte dream – in eigen topsporthal – finansierje te kinnen. Om’t de sport akrogym net Olympysk is, moatte de gymnasten alles sels betelje. Neist de filla binne noch in protte oare prizen te winnen, lykas in auto, in reissjek of in telefyzje. Acro Academy stelt alle gadingmakkers by steat om it hûs persoanlik te ynspektearjen.

Sawol op sneon as op snein tusken 11.00 en 16.00 oere is it mooglik om it hûs fan binnen en fan bûten te besjen. Elkenien is wolkom. It adres fan it hûs is Zuiderdwarsdijk 72, yn it fakânsjepark Hunzedrôme yn Gasselternijveen.

maaie 30, 2019 10:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.