Huzen ferwaarmje mei waarmte út wetter hat de takomst

maaie 15, 2019 09:43

Foto Green Deal Aquathermie

In breed lanlik gearurkingsferbân bringt de kommende jierren de mooglikheden yn kaart fan akwatermy, de skjinne technyk om mei wetter duorsum gebouwen te ferwaarmjen of te kuoljen. Juster ûndertekene de provinsje Fryslân yn Utert mei tal fan oare partijen út oerheid, wetterbehear, ûndersyk en bedriuwslibben, dêrfoar de Green Deal Aquathermie. Fryslân ynvestearret 125.000 euro yn projekten yn de provinsje en in mienskiplik ûndersyk fan de Green Deal.

Akwatermy is it winnen fan waarmte of kjeld út wetter. Dat kin wêze út oerflaktewetter (TEO), ôffalwetter (TEA) en drinkwetter (TED). Mei dy skjinne enerzjy kinne huzen en oare gebouwen duorsum ferwaarme wurde. Akwatermy kin de oergong nei ierdgasfrije ferwaarming helpe en sa bydrage oan de enerzjytransysje. Wetterbehearders, drinkwetterbedriuwen en rioelbehearders hawwe oare partijen lykas oerheden, netbehearders, waarmtebedriuwen en eigeners fan gebouwen nedich om dy waarmteboarne te benutten. Yn de Green Deal fine se inoar.

Green Deal Aquatermy
It ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat draacht 900.000 euro by oan de Green Deal om in programmaburo yn te rjochtsjen. Provinsje Fryslân ynvestearret 125.000 euro. De oare partijen dy’t ûndertekenen, drage ek finansjeel of yn natuera by.

Yn de Green Deal wurkje ûnderskate partijen gear om de mooglikheden fan akwatermy goed ûnder de oandacht te bringen by belanghawwenden, om kennis te ûntwikkeljen en te dielen en de wearde dêrfan yn de praktyk te beoardieljen. Der wurdt mei klam gearwurke mei oare klimaatprogramma’s fan de Ryksoerheid, lykas de Regionale Energiestrategie (RES) en it Programma Aardgasvrije Wijken (PAW).

Potinsje
Ut ûndersyk docht bliken dat termyske enerzjy út oerflaktewetter yn 40 prosint fan de fraach nei waarmte yn stêden foarsjen kin. De boarnen ôffalwetter en drinkwetter leverje respektyflik 15 en 1,5 prosint. Akwatermy kin dêrmei in wichtige bydrage leverje oan de ferwaarming fan wenten en oare gebouwen.

De partijen dy’t de Green Deal ûndertekenen binne de ministearjes fan EZK, I&W en BZK, de Unie van Waterschappen, Vewin, NWB Bank, VNG, Deltares, KWR, STOWA, Erasmus Universiteit Rotterdam, Waterschap Brabantse Delta, Waterschap Aa en Maas, Brabant Water, provinsje Fryslân, provinsje Gelderland, provinsje Zuid-Holland, Netbeheer Nederland, Syntraal en IF Technology BV.

maaie 15, 2019 09:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.