Holledoekjes ferbean op Eastenrykske basisskoallen

maaie 17, 2019 14:43

Foto: Unsplash

It parlemint fan Eastenryk hat ja sein tsjin in wetsfoarstel om it ideologyske en religieuze holbedekken op basisskoallen te ferbieden. Bûnskânselier Sebastian Kurz neamt it beslút in maatregel om wat te dwaan oan “de ûnderwerping fan famkes”.

Hoewol’t ek oare foarmen fan holbedek mei in polityk of godstsjinstich karakter ferbean wurde, is de maatregel yn it foarste plak rjochte op holledoekjes. Konservative moslims ferplichtsje de lytse famkes om de holle te bedekken. Neffens it Eastenrykske regear jout de nije wet “in sinjaal tsjin de politike islam”.

It ferbod jildt net foar kapusjons, petten, mûtsen en reinklean, mei’t dy gjin ideologyske of godstsjinstige eftergrûn hawwe. It joadske keppeltsje falt der ek net ûnder omdat dat mar in lyts part fan it hier ôfdekt.

It is net bekend hoefolle famkes op Eastenrykske basisskoallen in holledoekje drage moatte. Resint ûndersyk hat wol útwiisd dat op ‘e islamityske skoallen yn Eastenryk 15 persint fan ‘e famkes altyd in holledoekje op hat.

De Eastenrykske islamityske organisaasje IGGiÖ hat de wet “beskamsum” neamd.

maaie 17, 2019 14:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.