Hjoed eineksamen Frysk: hiene jo it helle?

maaie 23, 2019 19:52

Hjoed wie de lêste dei fan de sintrale skriftlike eineksamens yn it fuortset ûnderwiis. Learlingen fan ‘e hafû en it twû koene hjoed eksamen dwaan foar it fak Frysk, wylst learlingen fan it tmbû dat juster al dwaan koene. Mei-inoar 146 learlingen diene eksamen Frysk. Op woansdei 12 juny krije de learlingen te hearren oft se slagge binne of net.

Op OSG Singelland yn Drachten diene fjirtjin learlingen it eksamen Frysk: acht fan de hafû en seis fan it twû. “De hafû hat meastal trije teksten, no twa”, fertelt learares Frysk Ans Wallinga. “Dus dat is even oars. De earste tekst gong oer jaan en krije. Dus ast in kado krijst, hoe giest dêr mei om? En ek hoe’tst in kado jaan moatst, de etikette om it jaan en krijen fan kado’s. En de twadde gong oer sliep. Ik fûn it hiel aardige teksten.”

Omrop Fryslân prate mei learling Wieger. Dy tinkt dat er it wol hellet. Hy fûn de kop fan ien fan ‘e eksamenteksten al betiizjend: “Dy tekst hjitte ‘Europa sliept te min’. Mar ik fûn it net echt oer Europa gean spesifyk. It hie ek wol ‘Nederlân sliept te min’ wêze kinnen.”

Krekt as de hafû-learlingen, krigen de twû’ers twa teksten foar de noas. Wallinga neamde it ‘pittige’ teksten, mar neffens learlinge Hiske, dy’t it eksamen dien hat, foel de dregens wol wat ta. “Op himsels wol, ja. Ik fyn it wol wat itselde as it eksamen Nederlânsk. De taal is oars, it nivo is krekt wat leger, mar kinst it wol mei-inoar ferlykje. Twa teksten en yn totaal 38 fragen.”

De eksamens binne ek al te besjen. Hjirûnder steane de links:
eksamen twû
eksamen hafû
eksamen tmbû

Boarne: Omrop Fryslân

maaie 23, 2019 19:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.