Het Uur van de Wolf: Sylvia Plath

maaie 3, 2019 09:06 Fernijd

Utstjoering: tongersdei 23 maaie, 22.55 oere by de NTR op NPO 2

“Ik skriuw om’t der in stim yn my is dy’t heard wurde wol”, skriuwt de Amerikaanske dichteresse Sylvia Plath as se fyftjin is. Tragysk genôch leit se dy stim yn 1963 it swijen op, as se harsels yn ’e âldens fan 30 jier fan it libben berôvet. Dat bart fjouwer wike nei de publikaasje fan har baanbrekkende roman The Bell Jar, in boek dat ûnderwilens in klassiker is. Yn de BBC-dokumintêre Sylvia Plath – Onder De Glazen Stolp wurdt it semy-autobiografyske ferhaal efter it boek ûntraffele.

Sylvia Plath (foto: Wikipedia – publyk domein)

Foar Plath is de nei-oarlochske Amerikaanske dream in finzenis, gjin paradys. Hja groeit op yn de tiid fan de Kâlde Oarloch-heksejachten en konservative wearden. Foar yntelliginte, ambisjeuze famkes is it Amearika fan de jierren 50 benearjend. Wylst Plath har talint folslein ûntjaan wol en de wrâld ûntdekke en feroverje wol, wurdt se op alle mêden oan bannen lein. Skriuwe is har opstân.

The Bell Jar, de iennige roman fan Plath, is in pynlik ferslach fan in ambisjeuze jonge frou yn 1953 dy’t net serieus naam wurdt troch de maatskippij. It laat ta in depresje, dêrnei liket opname yn in psychiatryske klinyk de iennige útwei. Plath lûkt de lêzer treflik mei yn de dwylsin fan de haadpersoan.

Regisseur Teresa Griffiths slagget deryn in oandwaanlik portret fan de bejeftige auteur te meitsjen. Hja wikselet rekonstruksjes ôf mei nea earder publisearre brieven en deiboekfragminten. Aktrise Maggie Gyllenhaal lêst foar út de roman, wylst der troch middel fan prachtich argyf in ympresjonistysk portret fan Amearika yn de fyftiger jierren sketst wurdt. Dêrneist binne der ferskate iepenhertige fraachpetearen mei freonen en freondinnen en ek mei har dochter, Frieda Hughes.

Regisseur: Teresa Griffiths
Produsint: Siân Price en Angus McQueen – YETI Media
Orizjinele titel: Sylvia Plath – Inside The Bell Jar

maaie 3, 2019 09:06 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.