Grinzer United Care nimt Britske merklieder yn ferfiershelpmiddels OpeMed Europe oer

maaie 5, 2019 09:06

United Care út Grins hat it Britske OpeMed Europe Ltd oernaam. De Grinzer fabrikant fan ynnovative ferfiershelpmiddels hat no in 100% belang yn de Britske merklieder yn ferfiershelpmiddels. De oername smyt United Care in Britsk, Europeesk en wrâldwiid platfoarm op dat de groei fan it bedriuw in nije ympuls jout.

United Care yn Grins (foto: United Care)

OpeMed Europa is in ynternasjonaal merk mei in sterk mondiaal netwurk. Yn it Feriene Keninkryk hat it in dekkend netwurk fan ferkeapers en distributeurs ta syn foldwaan. Neffens algemien direkteur Jan Stevenson fan United Care konsolidearret en fersterket de oername de aktiviteiten fan United Care en OpeMed, ûnder oare troch ferbettering fan de effisjinsje foar klanten. Hja profitearje fan kostebesparring troch kombinearre ynkeap, de bêste priisstelling by leveransiers en ferbettering fan effisjinsje troch mienskiplike marketing, systeemyntegraasje en produktûntwikkeling. It wrâldwide distribúsjenetwurk fan de Britten kreëarret mooglikheden foar ferkeap fan ferskate produkten, benammen yn Europa.

United Care is in ûntwikkeler en fabrikant fan ynnovative, feilige ferfiershelpmiddels, dy’t minsken mei beheinde mobiliteit yn steat stelle sa selsstannich mooglik te libjen, wenjen en funksjonearjen. Utgongspunt by alle ynnovaasjes binne mooglikheden fan minsken en net harren beheinings.

OpeMed yn it Britske Farnham, Surrey is merklieder yn op mjitte makke ferfiershelpmiddels, lykas plafondliften, pasjinteliften, slings en besibbe produkten. OpeMed ferkeapet sawol direkt as fia ferkeapers yn it Feriene Keninkryk en hat in wrâldwiid netwurk fan ferkeapers en distributeurs.

maaie 5, 2019 09:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.