Grins yn skok

maaie 22, 2019 17:12

Woansdeitemoarn waard de stêd Grins opskrille troch in mânske ierdskok. De skok mei in krêft fan 3,4 op ‘e skaal fan Richter die him foar by Westerwijtwerd, mar wie yn ‘e stêd ek goed te fielen. Hûzen skodden sichtber hinne en wer. Der wie ek in rommeljen te hearren.

It is ien fan ‘e swierste skokken yn Grinslân út de ôfrûne jierren. Der ha mar trije swierderen west. No’t de gaswinning yn Grinslân sterk fermindere is, bestie de ferhoping dat it skokken ek ôfnimme soe. De boaiem like in skoft lang ek stabyl. Dat der wer sa’n swiere skok kaam, wie in ferrassing.

De komsaris fan ‘e kening yn Grinslân René Paas sei hjoed dat de skok bewiist dat de gaskraan ticht moat. Boppedat moat it fuortsterkjen fan hûzen mei faasje oanpakt wurde, sa sei er.

maaie 22, 2019 17:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.