GGD Fryslân smookfrij

maaie 21, 2019 10:46

Sûnt juster is GGD Fryslân smookfrij. Doe tekene de direkteur publike sûnens GGD Fryslân de Alliânsje Nederlân Smookfrij. De GGD wol in aktive bydrage leverje oan in smookfrije generaasje yn Fryslân.

No noch begjinne alle dagen sa’n hûndert bern yn Nederlân mei smoken. Dat is sa’n 37.000 yn it jier. Mear as de helte fan harren rekket ferslave. Yn Fryslân smookt ien op de fiif folwoeksenen. Mei de kampanje ‘Op weg naar een rookvrije generatie’ wurdt op lanlike skaal besocht om bern te beskermjen tsjin reek en tsjin de ferlieding om mei smoken te begjinnen.

Mei alderhande partijen wurdt gearwurke om bern yn Fryslân te beskermjen. Dat bart troch kennis te dielen, ynformaasje en ûnderfining útwikselje. Jeugdferpleechkundigen en dokters fan GGD Fryslân riede al foar de berte de âlden oan om op te hâlden mei smoken. Terreinen fan skoallen en berne-opvang en boarters- en sportterreinen moatte smookfrij wurde en dat jildt fansels ek foar gebouwen en terreinen fan de GGD en oare soarchynstellingen.

Ut in panelûndersyk ûnder ynwenners fan Fryslân oer smookfrije terreinen docht bliken dat it draachflak dêrfoar it grutste is as it giet om terreinen dêr’t bern binne. Smokers en net-smokers binne it dêr wol oer iens. Dat wurdt in stik minder as it giet om terrassen, stasjons en bushalten. Dat giet de measten te fier.

 

Tekenje foar spesifike terreinen
Op www.rookvrij.nl is gelegenheid om te tekenjen foar it smookfrij meitsjen fan spesifike plakken (skoalle, sportferienig, boartersterrein). Op it stuit is al foar goed twatûzen fan sokke plakken yn Fryslân tekene.

maaie 21, 2019 10:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.