Gerrit Hiemstra hâldt Rede fan Fryslân

maaie 22, 2019 10:20

Waarman Gerrit Hiemstra hâldt op 3 oktober de njoggende Rede fan Fryslân. Underwerp is de klimaatferfoaring. Neffens Hiemstra sil de opwaarming fan de ierde ynfloed op hiele maatskippij hawwe, mear as we no faaks beseffe. “It is tiid om te kiezen, yn Fryslân ek”, is Hiemstra fan betinken. As meteorolooch en as begien en belutsen Fries-om-utens sil er syn fyzje diele hoe’t we dêr yn Fryslân mei omgean kinne.

Foto: NOS

Hiemstra, berne yn Drachten, brocht syn jeugd troch op in boerepleats yn Sumar. Hy studearre oan de lânbou-universiteit Wageningen, is meteorolooch en sûnt 1998 waarpresentator fan it NOS-sjoernaal. Hy is mei-oprjochter fan it bedriuw Weather Impact yn Amersfoart, dat bedriuwen en organisaasjes advisearret hoe om te gean mei klimaatferoaring en ekstreem waar. Hiemstra wennet yn de Achterhoek en is in fûleinich siler en reedrider. Fan ’t jier ferhuzet er nei Fryslân werom. Oan de Alvestêderûte lit er in enerzjyneutraal hûs bouwe. Hiemstra sil de Rede yn it Frysk útsprekke.

De Rede van Fryslân is útgroeid ta in jierlikse tradysje. In pommerant fan bûten de provinsje hâldt mei it each op de takomst Fryslân in spegel foar. Eardere sprekkers wiene Coen Teulings (CPB), Bernard Wientjes (VNO/NCW), Gerdi Verbeet (âld-foarsitter Twadde Keamer), Olaf Koens (sjoernalist fan it jier), ZKH Prins Carlos de Bourbon de Parme, Pieter Winsemius (bedriuwskundige, publisist, âld-politikus), en Herman van Rompuy (âld-foarsitter fan de Europeeske Ried)

Krekt as yn foargeande jierren is de Steateseal fan it Provinsjehûs it dekôr fan de lêzing.

maaie 22, 2019 10:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.