Gemeente Ljouwert wol Songfestival fan 2020 organisearje

maaie 20, 2019 21:56

Wethâlder Sjoerd Feitsma biedt Ljouwert oan as lokaasje foar it folgjende Eurovisie Songfestival. Yn in tweet oan Duncan Laurence lokwinsket hy de sjonger mei syn geweldige prestaasje. Mei it ferske Arcade wûn Duncan sneontenacht it sjongfestival yn Israel en dêrmei wie it foar it earst yn 44 jier dat Nederlân mei de winst nei hûs ta gong.

Takom jier mei Nederlân dus it Eurovisie Songfestival organisearje. It plak is noch net bekend. Feitsma skriuwt yn syn Twitterberjocht yn it Ingelsk dat Ljouwert yn 2018 sjen litten hat dat ‘we doare te dreamen, te dwaan en oars te wêzen’. Dêrmei ferwiist er nei de slogan fan it festival: Dare to dream. Hy hjit it Eurovisie Songfestival fan herten welkom yn 2020.

Fryslân hat him sjen litten as betûft organisator fan grutte suksesfolle eveneminten op koarte termyn. Benammen troch Kulturele Haadsted 2018, De Stormruiter, de Fryske Music Night, de Reuzen en de Alvestêdeswimtocht fan Maarten van der Weijden ha de Friezen in soad ûnderfining mei de organisaasje fan grutte eveneminten.

Wa wit komt de presintaasje fan it festival wol yn hannen fan de Fryske sjonger Tim Douwsma. Songfestivalfan Jon wol dêr wol in petysje foar ha, skriuwt er op Twitter ta fermeits fan Douwsma. Douwsma soe it geweldich fine om it Eurovisie Songfestival takom jier te presintearjen. Douwsma mocht fiif jier lyn de punten foar Nederlân útdiele. Al rap waard er bekend as ‘the hot guy from the Netherlands‘. Yn it radioprogramma De middei fan Fryslân sei Douwsma ferline wike noch: “It moat earst allegear mar even gebeure, mar start mar in petysje sadat ik presintator wurde kin, Tim for presintator fan it sjongfestival.”

It WTC Expo is op it stuit it iennichste gebou yn Ljouwert dat gaadlik is om it grutte festival yn te organisearjen. De eask fan it Eurovisie Songfestival is, ôfgeand op dit jier, dat der op syn minst tolve tûzen minsken yn de konsertseal passe moatte. Yn it WTC kinne sa’n 30.000 minsken. Artysten moatte fansels ek repetearje. De lokaasje moat de mooglikheid biede om der twa wiken yn it foar elk wykein te repetearjen. De lokaasje moat dêrneist sa’n 5 oant 7 wiken frij wêze foar de tariedingen. Foar publyk, artysten, sjoernalisten en oanhing moatte der minimaal 3.000 hotelkeamers beskikber wêze. Dy lizze by foarkar binnen 40 minuten reistiid fan de lokaasje.

Boarne: Omrop Fryslân

maaie 20, 2019 21:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.