Geitestop yn Fryslân jildt foarearst foar in jier

maaie 22, 2019 10:08

De foarriedige stop op geitehâlderijen jildt noch in jier troch. De provinsje past him op in pear punten oan. Yn febrewaris kundige de provinsje in stop oan op basis fan in advys fan GGD-Fryslân. Der kin in relaasje bestean tusken de oanwêzichheid fan geitehâlderijen en sûnensklachten fan omwenners. Yn opdracht fan de ministearjes fan Folksûnens en fan Lânbou docht it RIVM dêr lanlik ûndersyk nei.

De yn febrewaris ôfkundige foarriedige stop betsjut konkreet dat yn Fryslân gjin nije geitehâlderijen fêstigje wurde meie en dat besteande bedriuwen net útwreidzje meie. En besteande feehâlderijen meie net omskeakelje nei dy sektor. Om it tydlike ferbod troch te fieren moat de feroardering Romte 2014 oanpast wurde. Op it wizigingsûntwerp dêrfoar, dat op besjen lein hat, binne fiif reaksjes ynkommeen. Op grûn fan dy reaksjes hat de provinsje de feroardering op trije punten oanpast.

It ôfmesten fan geitebokjes oant 10 wike âld en berne op it eigen bedriuw, wurdt fan it ferbod útsûndere (regeling). Yn de taljochting op de feroardering wurdt opnommen dat it ferbod op it útwreidzjen fan it tal geiten net jildt foar dy gefallen dêr’t foar 14 febrewaris 2019 in fergunningoanfraach foar yntsjinne is. Yn de taljochting op de feroardering wurdt beskreaun dat ûnder in ‘besteande geitehâlderij’ in bedriuw yn in fergunde situaasje ferstien wurdt.

Provinciale Steaten nimme op 10 july in beslút. Dat sil uterlik op 14 augustus fan krêft wurde.

maaie 22, 2019 10:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.