Fryske studinten oan ’e slach by keunstner Éric Van Hove yn Marokko

maaie 13, 2019 09:38

Op útnûging fan it Frysk Museum binne in stikmannich learlingen fan it Gomarus Kolleezje en studinten fan it Fryslân Kolleezje op 9 maaie ôfreizge nei it atelier fan Éric Van Hove yn Marrakesh. Hja bliuwe dêr oant en mei tiisdei 14 maaie. It museum lit sûnt 2 febrewaris in grutte oersjochsútstalling fan de keunstner sjen, dêr’t ambacht yn foarop stiet. De learlingen fan it fmbo en de studinten fan de mbo-oplieding kreatyf fakmanskip sjogge en wurkje yn atelier Fenduq mei mei it ambachtstiim fan Van Hove.

Éric Van Hove, ‘Dorigin’, 2016 (foto: Alessio Mei)

Yn it ramt fan de ambachtlike útstalling wurde de jongelju útdage om sels de hannen út de mouwen te stekken. Se hawwe der in al in wurkperioade opsitten by ferskate Fryske ambachtslju dy’t meiwurkje oan de Fryske Motor. Mei de útwikseling wol it museum de jonge minsken in gefoel fan grutskens oer harren eigen feardichheden meijaan. Sy hawwe de kâns om by eksellinte fakminsken yn ’e lear te gean en te ûnderfinen hoe’n grutte rol ambacht yn Marokko spilet. Letter yn ’e maitiid folgje ek learlingen fan Piter Jelles YnSicht en studinten fan ROC Fryske Poart.

Utstalling
Noch it hiele jier presintearret it Frysk Museum yn Ljouwert de grutte oersjochsútstalling Éric Van Hove: Fenduq. Mei in tiim fan ynternasjonale ambachtslju reprodusearret Van Hove (Algerije, 1975) yndustriële motorblokken en reau. Hûnderten ûnderdielen wurde mei de hân neimakke fan materialen as hout, keramyk en koper. It motorblok stiet foar Van Hove symboal foar de yndustrialisaasje, dy’t yn in protte lannen de ein fan it klassike ambacht betsjutte. Mei syn prachtige replika’s stribbet de keunstner nei in nije wurdearring fan fakmanskip.

Éric Van Hove, D9T ‘Rachel’s Tribute’ (detail), 2015 (foto: Lieven Geuns. Courtesy Éric Van Hove / Copperfield Gallery)

Fenduq
Fenduq is de namme fan it atelier fan Van Hove. Dat is in gearfoeging fan ‘fenn’ (it Arabyske wurd foar keunst) en ‘funduq’. Funduqs wiene tydlike hannelsposten dêr’t omreizgjende karavanen har deljoegen om hannel te driuwen en harren netwurk te ûnderhâlden. Yn Fenduq komme ambachtslju, keunstners, ekonomen en oaren byinoar. It is in plak foar produksje, mar ek foar dialooch. Fenduq fersterket de besteande talinten en kwaliteiten fan de ambachtslju en jout dy in bettere posysje yn de Marokkaanske maatskippij.

Fryske motor
Spesjaal foar it Frysk Museum ûntwikkelet de keunstner in nij wurk. Yn de tiid fan de útstalling wurkje Fryske, Marokkaanske, Sweedske en Yndonezyske faklju oan de reproduksje fan de motor út in Claas Jaguar fjildhakseler. Dat lânboureau is tige populêr op it Fryske plattelân. De motor waard makke fan ferskate materialen; fan Marokkaans houtwurk oant Hylper skilderwurk en fan Ydonezysk snijwurk oant Sweedsk glêswurk. Yn de útstalling is de fuortgong fan it projekt te folgjen.

Éric Van Hove
Éric van Hove waard berne yn Guelma (Algerije). Hy groeide op yn Kameroen as soan fan Belgyske yngenieurs dy’t har ynsetten foar ûntwikkelingsprojekten. Doe’t er fjirtjin wie gie de húshâlding werom nei België. Nei syn stúdzje oan de keunstakademy yn Brussel gie er nei Japan, dêr’t er syn masters en Phd helle. Dêrnei wenne er koart yn België foar’t er him mear permanint yn Marrakesh fêstige. Yn 2014 bruts er ynternasjonaal troch doe’t er dielnaam oan de Biënnale fan Marrakesh.

maaie 13, 2019 09:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.