Frysk Museum en soarchynstelling KwadrantGroep gean gearwurking oan

maaie 27, 2019 09:30

It Frysk Museum en de KwadrantGroep smite de lapen gear. Ferline wike tongersdei tekenen museumdirekteur Kris Callens en Ester Kuiper út namme fan de rie fan bestjoer fan de soarchorganisaasje in gearwurkingsoerienkomst. As ûnderdiel fan it partnerskip sil it museum mei meiwurkers fan KwadrantGroep ferskate aktiviteiten organisearje foar kwetsbere âlderen. De earste rûnliedings troch it museum mei bewenners fan ferpleechhûs Parkhoven hawwe al west.

Foto: Lucas Kemper

KwadrantGroep en it Frysk Museum hawwe inoar fûn yn de oertsjûging dat musea foar elkenien tagonklik wêze moatte, as it giet om âldens, eftergrûn, oertsjûging en beheining. In tiim museumdosinten hat in trening folge foar it rûnlieden fan minsken mei demintens. By dy sykte wurdt it koartetermynûnthâld oantaast. Troch yn de spesjale rûnliedings just it langetermynûnthâld oan te sprekken, wurdt sosjaal kontakt stimulearre en nimt it selsbetrouwen en gefoel fan weardigens ta by minsken by demintens.

Wurksjops
Neist rûnliedings troch it museum sille beide partijen oan ’e slach om wurkwinkels op lokaasje oan te bieden foar bewenners dy’t net goed rinne kinne. In foarbyld dêrfan is de ‘Keunstpraat-middei’. Bewenners diele dy middeis in ferhaal oan ’e hân fan in erfgoedobjekt of keunstwurk mei in museummeiwurker. Dy petearen helpe om persoanlike oantinkens op te heljen. Der wurde ek ynspiraasjesesjes organisearre foar wolwêzenskoördinators fan de soarchynstelling, sadat sy sels oan ’e slach kinne mei kreative aktiviteiten foar âlderen.

Op de persoan rjochte soarch
Ester Kuiper, lid fan de rie fan bestjoer fan de KwadrantGroep, is bliid mei de gearwurking mei it Frysk Museum. “Mei Kulturele Haadstêd 2018 hawwe wy yntinsyf gearwurke en it is moai dat wy dat fuortsette kinne. It past prachtich by ús fyzje fan op de persoanrjochte soarch dat wy bewenners en kliïnten kulturele aktiviteiten biede kinne. Elk minske is oars en wurdt bliid fan oare dingen. De ien puzzelet graach en de oar bloeit op fan in skilderij. De KwadrantGroep wol it mei it Frysk Museum mooglik meitsje dat minsken dêryn ek safolle mooglik harsels wêze kinne en bliuwe.”

maaie 27, 2019 09:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.