Frysk Fersetsmuseumpriis 2018/2019 útrikt

maaie 11, 2019 10:40

De Frysk Fersetsmuseumpriis wurdt alle twa jier útrikt oan jonge minsken dy’t wat dogge om de oantinkens oan oarloch, besetting en ferfolging libben te hâlden. Dit jier hawwe de sjueryleden de skriuwers fan twa profylwurkstikken oanwiisd as winner. Woansdei 8 maaie hawwe de winnende learlingen fan it Stedsgymnasium Ljouwert en CSG Liudger yn Drachten in jildpriis fan € 250,- krige. De priis is beskikber steld troch Stichting Snits 1940-1945 en Stichting Fryslân 1940-1945.

It Frysk Fersetsmuseum is ûnderdiel fan it Frysk Museum (foto: Ruben van Vliet)

Ilona Bosgraaf, Kyrsten Doodeman en Bowien van der Veen fan CSG Liudger yn Drachten makken harren winnende profylwurkstik oer it Fryske ferset yn de Twadde Wrâldoarloch. Daniëlle Scheepens en Lotte Benedictus fan it Stedsgymnasium Ljouwert sleepten de priis yn ’e wacht mei harren posten en boek mei ferhalen oer wichtige barrens fan de Twadde Wrâldoarloch yn Ljouwert.

De sjueryleden, Gerk Koopmans fan Stichting Fryslân 1940-1945 en Yeb Seffinga fan Stichting Snits 1940-1945 binne fan betinken dat de twa ynstjoerings sterk ferskille yn opset en útwurking. Beide ynstjoerings binne beleanne mei in dield earste plak as winner fan de Frysk Fersetsmuseumpriis 2018/2019.

De priis waard op de kontaktdei fan Stichting Fryslân 1940-1945 yn Burgum útrikt. It jildbedrach en in bosk blommen waarden oerlange troch Pieter Boomsma, foarsitter fan Snits 1940-1945 en Gerk Koopmans, foarsitter fan Stichting Fryslân 1940-1945.

It Frysk Fersetsmuseum is ûnderdiel fan it Frysk Museum. It Frysk Museum wurdt mei finansiere troch de Ir. Abe Bonnema Stichting, de Provinsje Fryslân, it Samenwerkingsverband Noord-Nederland, EZ/Kompas, de BankGiro Loterij en Aegon.

maaie 11, 2019 10:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.