Friso Bouwgroep bout De Tiid, Boalsert

maaie 23, 2019 16:27

Jurriëns Noord en Aannemingsmaatschappij Friso, beide ûnderdiel fan Friso Bouwgroep út Snits, sille it earder stedhûs fan Boalsert ta kultuerhistoarysk sintrum ferbouwe. It projekt ferget in ynvestearring fan 12,9 miljoen euro. Sjoch https://www.itnijs.frl/wp.

It karwei is krekt aas foar Jurriëns Noord, op it mêd fan restauraasje al mear as fjirtich jier foaroprinnende yn it Noarden. Fêstigingsdirekteur Douwe Offringa: “Wy binne spesjalisearre yn it wurkjen yn binnensteds- en lestich te berikken lokaasjes.” It bedriuw hat Hotel Post Plaza yn Ljouwert ek restaurearre en hat dêr no de eardere Hofskoalle ûnder hannen, dy’t omboud wurdt as hotel by it Stedhâlderlik Hof.

Mei Adema Architecten út Dokkum is in ûntwerp makke om de monumintale útstrieling fan it stedhûs te bewarjen en de nijbou ferwize te litten nei it histoarysk plak dêr’t it stedhûs al fjouwerhûndert jier stiet. De nije gebouwen fan it kompleks krije bygelyks trepgevels. Pranger Rosier Ynstallaasjes sil De Tiid fan in waarmtepomp foarsjen en op it dak komme 66 sinnepanielen.

It ûntwerp fan Adema Architecten

Fourtdaliks nei de Pinkster wurdt mei it earste restauraasjewurk begûn en nei de boufakfakânsje mei de nijbou. Troch in trillinfrije heimetoade sil de buert dêr net in soad oerlêst fan hawwe. Ien en oar wurdt op 5 juny oan de omwenners útlein.

Ein takomme jier sil it hiele projekt oplevere wurde, is it doel, en begjin 2021 kin De Tiid yn gebrûk nommen wurde.

maaie 23, 2019 16:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.