Frede en frijheid

maaie 19, 2019 17:08

Ynstjoerd

Okkerdeis betochten wy de befrijing fan 74 jier lyn. As jonkje fan njoggen seach ik hoe’t de Kanadezen Stiens ynrieden; wat wiene wy bliid! En dan lêst men letter, hoe’t wy Nederlanners dêrnei yn Yndonezië deselde ferskriklike dieden úthellen as de besetter hjirre. Hoe wie dat yn ‘e goedichheid mûglik!
Mar dan sjuch ik in âld boek oer wrâldmachten. En ja, dêr hearde Nederlân doe ek by.
Grif dat dat wat mei de minsken die, sa fan “Wy binne mear as dy oaren”. En sa waard ek op ús as Friezen grif delsjoen, om’t wy ús net oan dat model oanpasten. Ik wit noch, hoe’t ús mem yn in winkel yn Ljouwert útlake waard, doe’t se dêr Frysk prate. En folle letter noch klage in klant by de baas, doe’t ik syn radio yn it Frysk ripperearre hie, ek al ferstie er it goed.

No, in heale iuw letter, is alles oars. Ik kin hjir rêstich tsjin hast elk Frysk prate en faak wolle se it graach, om’t dat harren it gefoel jout derby te hearren. En dat is wat wy wolle; of om mei John Lennon te sjongen:
Imagine all the people sharing all the world
A brotherhood of man

Dêryn jout Nederlân dan it foarbyld, want de Spanjerts binne dúdlik har idee fan wrâldmacht noch net kwyt, sjoen hoe’t se de Kataloaniërs diskriminearje. Mei Ruslân en de Oekraïne is it blykber krekt sokssawat, wylst de Turken ek noch altyd net ferjitte lykje te kinnen hoe’t harren ryk ienris rikte fan Wenen oan’t yn Yemen!

Pyt

maaie 19, 2019 17:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.