Frâns Kuipers: Woarst

maaie 18, 2019 20:00

Kollum

“It sil my woarst wêze”, sei immen, dêr’t ik op in sinnich terras njonken kaam te sitten. It wie de sneins foar de Steateferkiezingen fan 23 maart. Ik meitsje graach in praatsje mei minsken dy’t ik net ken, mar ik praat leaver net oer it waar, hoewol’t soks somtiden wol maklik wêze kin foar in praatsje. Mei moai waar is men dan gau útpraat. Wat falt der te eameljen oer moai sinneskynwaar? Nee, in polityk praatsje docht it meastal goed.

Begjin
Ik wist net goed te begjinnen. Net oer it waar en ek net oer it behâld fan it Frysk om foar te fjochtsjen. Dat leit my oars wol, mar op it terras wie – yn it Frysk! – te hearren dat elkenien bliid wie dat de sinne skynde: “Dat wiete en kâlde waar hawwe jo gau jo nocht fan!” De measte minsken hiene de jas oer de stoel lein en sieten gesellich mei in bakje tee mei in koekje, of in kopke kofje en in gebakje mei slachrjemme, op harren taffeltsje. Dat sjocht men gauris by âldere spantsjes dy’t der efkes út binne. Efkes fan ’e pôle. Wy hiene beide ek kofje mei gebak besteld. Wy wiene ommers op ’e fyts, dus in bytsje ekstra enerzjy koene wy wol brûke. In ferlechje fansels. De terras-buorman en ’e frou hiene sa te sjen itselde tocht.

Poltityk
Buorman rierde mei syn leppeltsje yn it kopke. “It is ek wer ferkiezingsstriid”, sei ik, “as jo de reklamebuorden goed besjogge. Nijkommer fan Foarum foar Demokrasy stiet njonken Sander de Rouwe en Sietske Poepjes fan it CDA en Johannes Kramer fan de FNP. Wat fine jo fan dat Foarum?” Hy seach my oan en dronk in slokje kofje. Syn frou seach yn de fierte nei it weagjende wetter. It waaide behoarlik út it Noardeasten. Myn freondinne sei: “Gezellig terrasje, hè?” Hja praat net Frysk. “Foarum sprekt in soad minsken oan”, sei ik. “Men soe it net ferwachtsje, mar Foarum lûkt benammen CDA’ers en VVD’ers oan, en in protte Wildersstimmers sille oerrinne nei Thierry Baudet, foarsjocht Maurice de Hond.

Reaksje
Buorman seach my wazich oan en naam wer in slokje kofje en hapte yn syn gebakje. Ik sei: “Dy nije klup is ek tsjin al dy grutte wynmûnen en sinnepanielen yn ’e greide, dy’t it prachtige Fryske plattelân skeine.” Ik tocht, no sil er wol tahappe. Nee dus! Noch in skepke der boppe op. “Foarum leaut, krektlyk as presidint Trump, net dat wy minsken en Nederlân as postsegel ynfloed hawwe op it klimaat. It folk hat leaver in goeie sûnenssoarch en âldereinsoarch!” Buorman sei: “It binne allegearre politike spultsjes yn de provinsje, yn Den Haach en yn Brussel. Ik wit net wa’t jo binne en wat jo beweecht, mar it sil my allegearre woarst wêze!” Op `e fyts nei hûs tocht ik noch efkes oer politike spultsjes en dat it him allegear woarst wêze soe. Soks jout te tinken.

Underwilens
Underwilens meie wy kommende tongersdei nei de stimbus foar de Europeeske ferkiezingen. Sil dat in protte minsken allegearre woarst wêze? Giet it om wa’t de bêste baantsjes krije? Giet it om hoe grut de krêft fan Europa bliuwt? Sille de populisten winne? Wurdt Europa stadichoan útholle? Of krekt net? Wurdt PvdA’er Frans Timmermans de nije Eurokommissaris?

Underwilens is Sybrand Buma yn alle stilte as boargemaster fan Ljouwert foardroegen. Hy is o sa bliid en syn heit ek. “It giet oan!” Buma makket romte foar in nije CDA-lieder en dat is goed foar it CDA. Hat de banekarrûsel syn wurk dien? Wat my by dy foardracht opfalt is dat de gemeenteried ôfrûne tongersdei dêr sawat twa oere oer praat hat. Dit is in faai teken, want in echte topper is men it binnen in minuut oer iens. Dochs?

maaie 18, 2019 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.