Frachtweinsjauffeurs sette kliïnten Talant yn it sintsje

maaie 16, 2019 08:33 Fernijd

Goed hûndert ôffalauto’s fan ferskate Fryske en Grinslânske gemeenten én Omrin ride sneon 18 maaie mei kliïnten fan Talant in moaie rûte troch Fryslân. Der ride ek auto’s fan de plysje en brânwacht mei. Op dy wize sette de sjauffeurs kliïnten yn it sintsje.

De tocht mei passazjiers út Ljouwert en Stiens begjint by it Fryslân Kolleezje op It Hearrenfean. Nei in muzikale iepening wurdt it startskot jûn. Mei in protte toeterjen start de Toertocht om likernôch 10.00 oere. De Toertocht is de hiele dei te folgjen fia de Facebookside ‘Toertocht Met z’n Allen’. Omrin en Talant organisearje sa’n toertocht foar de njoggende kear.

De tocht giet fan It Hearrenfean nei Terwispel, Jobbegea en Easterwâlde. Om it middeisoere hinne is der in stop yn Appelskea. Dêr fersoarget attraksjepark Duinen Zathe in middeisbrochje. Op de weromwei rydt de Toertocht troch ûnder oare Elsloo, Aldeberkeap, De Gordyk en Nij Beets. Oer Akkrum en Jirnsum einiget de rûte om 16.00 oere by it haadkantoar fan Omrin yn Ljouwert.

maaie 16, 2019 08:33 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.