Foarferkeap foar Oerol set tiisdei 28 maaie útein

maaie 26, 2019 09:03

It programma fan Oerol 2019 is bekend. Oer in pear dagen, op tiisdei 28 maaie om 20.00 oere, set de kaartferkeap útein.

As it net slagget om yn de foarferkeap foarstellingskaarten te keapjen, kin dat op Oerol ek noch yn de deiferkeap op festivalterreinen de Westerkeyn, de Betonning en yn Ons Huis op West-Skylge. Op de webside is in deistich oersjoch fan de foarstellings te sjen. It is mooglik om te filterjen op bygelyks tagonklikens, lokaasje en beskikberens. By it programma-oersjoch is ek it blokkeskema fan 2019 del te heljen.

It festivalbantsje
Foar in besite oan Oerol is in festivalbantsje nedich. Oant en mei 13 juny kostet in festivalbantsje mar 26 euro. Dat bantsje jout tagong ta mear as fyftich bands, sechtjin ekspedysjes, pop-up útfierings, praatsjoos en noch folle mear.

Foar fragen oer de foarferkeap kin kontakt opnommen wurde mei de helpdesk:

✉ oerol@festivaltickets.nl
✆ 085-487 2111

It telefoannûmer is fan tiisdei 28 maaie oant en mei 13 juny tusken 12.00 en 19.00 oere te berikken.

Oerol biedt ek in all-inarranzjemint. Mei Oerol All-pin is yn ien kear alles regele: de boattocht (retour), in fyts, in kempingplak, it festivalbantsje en foarstellingskaarten. Der binne ferskillende soarten arranzjeminten.

De Oerol-fytskaart
Mei de Oerol-fytskaart sjocht men op hokker plakken men op ekspedysje kin, wêr’t alle foarstellings te sjen binne, op hokker lokaasjes Brand skonken wurdt en noch folle mear. Ferdwale hat noch nea sa dreech west. Besjoch de Oerol-fytskaart fia Google Maps.

In muzikale tajefte
Nij dit jier binne de Secret Garden Sessions. Yn de Selsplôktún tusken Hoarne en Easterein presintearret Oerol dit jier foar it earst in searje neo-klassike konserten. Bring in besite oan de Betonning en de Westerkeyn. De festivalterreinen dêr’t mei Oerol tsien dagen lang de muzikale perspektiven kantelje.

Noch mear yn de stimming komme? Alle bands dy’t op de festivalterreinen optrede, binne te beharkjen yn de Oerol Spotify-list.

www.oerol.nl

maaie 26, 2019 09:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.