Floatskou en Elske DeWall by jubileumfeest Steatejacht yn Grou

maaie 23, 2019 15:43

It Steatejacht Friso(foto Provinsje Fryslân)

Yn Grou is sneon 25 maaie it jubileumfeest ta eare fan it 125 jierrich Steatejacht, dat dizze wike 65 jier yn it besit is fan de provinsje Fryslân. Dat sil fierd wurde mei in floatskou mei tsientallen houten skippen. Dy begjint om 15.00 oere oan de Nije Kade yn Grou. Elske DeWall sjongt dan it nije Steatejachtliet.

De feestlikheden begjinne sneon om 12.00 oere mei it Iepen Frysk Kampioenskip Klompkesilen. Nei de floatskou binne der fan 16.30 oere ôf optredens fan Elske DeWall, Brassband Apollo en Soulblender. Tagong is fergees.

It Steatejacht is op 22 maaie 1954 troch de Keninklike Sylferiening Oostergoo en de middenstân oan it provinsjebestjoer jûn, om te brûken yn it belang fan Fryslân en de Fryske ekonomy. Dat útgongspunt is de provinsje altyd trou bleaun.
Sneon is tagelyk ek de jiergearkomste fan Oostergoo yn Grou.

maaie 23, 2019 15:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.