Finzen Katalaanske politisy beëdige

maaie 20, 2019 21:48

De militêre plysje fan Spanje hat fiif Katalaanske politisy moandei nei it parlemintsgebou ta brocht. It giet om de eardere fise-premier fan Kataloanië Oriol Junqueras en fierder om Jordi Sanchez, Jordi Turull, Josep Rull en Raul Romeva. De fiif binne frijlitten, sadat se beëdige wurde kinne as parlemintsleden.

De fiif politisy sitte al mear as in jier fêst, yn ôfwachting fan in proses. Hja wurde ûnder oaren beskuldige fan heechferrie en it fergriemen fan oerheidsjild, mei’t hja meiwurke hawwe oan de organisaasje fan it referindum oer Katalaanske ûnôfhinklikens yn 2017.

De rjochter oardiele ferline wike dat de fiif politisy it rjocht hawwe om beëdige yn de funksje dêr’t hja ta ferkeazen binne. Neffens de rjochter meie se lykwols net frijlitten wurde om dy funksje út te oefenjen.

As part fan harren beëdiging as leden fan it Spaanske parlemint moasten de finzen politisy tasizze dat hja trou wêze soene oan de Spaanske grûnwet, dy’t Spanje as “ûnferbrekbere ienheid” omskriuwt. Yn Katalaanske media wurdt benammen in soad lilkens utere, om’t sjoernalisten de finzen parlemintariërs gjin fragen stelle mochten.

maaie 20, 2019 21:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.