Feie Fonyk: Oanpakke dy antyvaksers

maaie 4, 2019 12:54

Kollum

Yn de midsiuwen waarden leproazen útstjitten. Se mochten net mear yn stêden en doarpen wenje fanwegen besmetting. Boppedat waarden se ferplichte om in rattel by harren te hawwen. Dan koene se sûne minsken warskôgje om net yn ’e buert te kommen. Ynfeksjesykten hawwe oant en mei it midden fan de foarige iuw miljoenen minskelibbens koste. Tusken 1914 en 1918 stoaren mear minsken oan de Spaanske gryp as oan de oarloch, yn Nederlân sa’n 28.000.

Tsjintwurdich kinne wy tsjin in soad sykten inte wurde. Yn it Rijksvaccinatieprogramma wurde bern tusken 6 wike en 11/12 jier tsjin in soad sykten inte. Sa krije bern gjin kinkhoast, polio of mûzels mear.

Yn de Biblebelt komt út en troch it útbrekken fan besmetlike sykten foar, mar minder as eartiids. De ûnbegryplike religieuze wjerstân tsjin intsjen is oan it ferdwinen. Apart, dat op oare plakken just mear âlden komme dy’t harren bern net intsje litte wolle. Se soenen der autisme of oare kwalen fan krije. Der is gjin inkelde wittenskiplike grûn foar dy oertsjûgingen. Op ynternet is in soad nepnijs en der binne no ienris minsken dy’t de gekste dingen leauwe. Sa lies ik yn de Volkskrant in ynstjoerd stik fan in frou, in lifestylecoach, dy’t fan har chiroprakter te hearren krige hie dat har bern faksinaasjeskea oprûn hie. No dan witte jo wol hoe let oft it is. dêr is gjin praten tsjin. Noch in wûnder dat se net yn teebledsjes lêst hoe’t it fierder gean sil mei dy faksinaasjeskea.

Wês bliid dat jo net-inte bern gjin rattel hoecht te dragen.

Wat moatte wy no mei sokken? De kresj Berend Botje yn Noard-Hollân hat it beslút nommen om gjin bern mear ta te litten dy’t net inte binne. Sokke mear! It regear soe op koarte termyn kresjes en skoallen ferplichtsje moatte om allinne noch inte bern ta te litten. Dat dogge se yn Itaalje en de iepenbiere skoallen yn Amearika ek.

Guon âlden begjinne no te mekkerjen dat soks diskriminaasje is en harren frijheid oantaast. Dat is sa. Mar wy moatte ek in riem drage yn de auto en smoke kin hast nearne mear. Ik soe sizze: wês bliid dat jo net-inte bern gjin rattel hoecht te dragen om oare bern út de buert te hâlden.

 

maaie 4, 2019 12:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.