Feie Fonyk: Goede doelen?

maaie 30, 2019 19:29

Kollum

Alle oeren geane der yn ús lân twa minsken dea. Dat is net sa moai, benammen net as men kunde hat oan de deade. Fan de oare kant rommet it op en komt der plak foar nije oanwaaks. Sa giet it yn de wrede natuer. Neffens de ‘goede doele-organisaasjes’ stjerre der in soad minsken oan sykten dy’t net hoege as ús folk mar genôch ynvestearje soe oan ûndersyk nei sokke sykten.

Dêr haw ik myn twivel oer. Tel mar ris mei. Neffens de ‘Hersenstichting’ hat ien fan de fjouwer minsken wat mei syn harsens dat net yn oarder is. It soe gean om 3,8 miljoen minsken. De ‘Hartstichting’ hat berekkene dat der 1,4 miljoen hert- en bloedfetpasjinten binne. Sawat 2 miljoen minsken hawwe neffens de ‘Maag Lever Darm Stichting’ wat mei it yngewant. It ‘Diabetesfonds’ berekkene dat der 1,2 miljoen sûkerpasjinten binne en mei de fretterij fan guon sille der grif mear komme. (Dat lêste stie der net by.)  Alle jierren krije 116.000 minsken te hearen dat se kanker hawwe en der binne al 560.000 (‘KWF Kankerbestrijding’). Ik hie noch nea fan it ‘Nivel’ heard, mar dat is in organisaasje dy’t him dwaande hâldt mei longsykten: in goed miljoen minsken. Sawat 6% fan de befolking hat in restless legs syndrome. Dat soe gean om sa’n 155.000 minsken. (Huisarts en Wetenschap). Sûnder de ynfeksjesykten, dy’t net meiteld binne, en sûnder it folk dat sûnder nei in dokter te gean rotsoai keapet by de apteek of drogisterij om de meast útinoar rinnende kwalen te bestriden, soene dy oantallen delkomme op mear as 10 miljoen siken.

Dat kin net wier wêze.

Of it moat sa wêze dat in soad minsken alle kwalen tagelyk hawwe. It is noch in wûnder dat wy mei mear as 17 miljoen binne en der oer it generaal aardich sûn by rinne. Wat moatte wy dêr no mei. As se by my oan de doar komme mei in kollektebus foar de boppeneamde kwalen, pak ik fuortendaliks de ponge, want ik bin net krinterich. Boppedat wol ik de minsken dy’t har op dy wize ynsette net teloarstelle. En… it is fansels slim genôch om ien fan dy sykten te hawwen. Dêr wol ik de gek net mei stekke.

Mar dochs. Soe it ek sa wêze kinne dat it goededoelesirkus de getallen wat nei boppen bystelt, soe it ek sa wêze kinne dat it goededoelesirkus dat docht om sels ek yn stân te bliuwen, soe der te folle oan de strykstôk hingjen bliuwe?

Ik helle de oantallen út Medisch Contact fan 23 maaie.

maaie 30, 2019 19:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.