Feestlike iepening keunstseizoen yn Wyns oan de Ie

maaie 3, 2019 11:19

Sneon 11 maaie sil it Wynzer keunstseizoen feestlik iepene wurde. It tema is dit jier “Wenje yn Wurden / Wynzer poëzij”. Feitlik wie it al begûn op 3 febrewaris, doe’t Ivo de Wijs yn de grôtfolle Sint-Fitustsjerke syn oansteklike ynlieding oer poëzy hold.

Dêrnei hawwe tolve kursisten har seis jûnen ûnder lieding fan de Ljouwerter dichter Arjan Hut yn de dichtkeunst ferdjippe. Oan de poëzijworkshop dy’t Hut ek joech diene nochris tsien entûsjaste bern mei. As einprodukt moast in gedicht makke wurde dat ynspirearre wie in byld fan Wyns dat de dielnimmers sels keazen hiene of by harren gedicht makke hiene. Sadwaande ûntstiene hiel ferskillende útwurkingen fan ‘Een blik op Wijns’, it gedicht dat de bekende Drs. P, de dichter Heinz Hermann Polzer (1919-2015), yn 1992 makke doe’t er yn Wyns wie. Dy liet efter de piano op de pont syn bekende lied ‘Heen en Weer’ hearre.

 

Net tafallich wurdt yn it hûndertste bertejier fan de dichter by de iepening op 11 maaie in bliuwend oantinken oan syn gedicht ûntbleate. En fansels de poëtyske en keunstsinnige uteringen fan de kursisten en de bern yn de fitrines by de haven ek. It tema ynspirearre ta in grut ferskaat oan Wynzer ympresjes, genôch foar it hiele seizoen. De keunstkommisje hat in oantreklike bondel gearstald fan de gedichten en bylden.

By de iepening sil de sjonggroep Olivetti in tal tapaslike nûmers bringe.
It seit himsels dat ‘Een blik op Wijns’ fan Drs. P dêr songen wurdt yn in arranzjemint fan Tim Brill fan de Wynzer keunstkommisje. En fierder ‘De zusters Karamazov’, ‘Het land is moe’ en ‘De commensaal’ en as lêste fan Drs. P syn ferneamde ‘De veerboot’. Dat kin net misse oan de Ie! Der wurde ek lieten songen fan Adèle Bloemendaal, Boudewijn de Groot, De Dijk en Ramses Shaffy.

De iepening is om 10.45 oere by de haven. Tagong fergees.

maaie 3, 2019 11:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.